{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

maandag 30 maart 2015

In bytsje Frysk yn de tekken

In bytsje Frysk yn de tekken


Yn de foarige bloch liet ik wat sjen fan myn tekken-projekt. Yn it orizjinele patroan komt in hart. Dat wol ik der net yn. Ek omdat it in gatsjepatroan is en ik wol gjin gatsjes yn de tekken. Ik wol der in pompeblêd yn, mar ik wit noch net hoe ik it dwaan sil. Ik bin al oan it sykjen nei in patroan en no liket it my wol tûk om hjir de "links" te garjen. Dan hat in oar der ek wat oan!

Spitigernôch kin ik noch net safolle fine.

- In patroan dat brûkt is foar in soarte fan brosj, by Kantsteek en Co (moatst wol in ein nei ûnderen skrôlje)
- Dit patroan fan mysels kin ek wol foar it breidzjen brûkt wurde. Ik liet it hjir alris sjen, borduert op in boekje.


Ik sykje fierder en ik tink fierder! It hat de tiid noch, ik bin der noch net oan ta :-)
En suggestjes binne fansels ek wolkom!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 25 maart 2015

Tekken

Tekken


Breidzjen en haken, ik mei it hiel graach dwaan. Earder, foaral yn 'e tiid dat ik op de pedagogyske akademy siet, haw ik ek in soad truien makke, mar ik fyn dat net leuk mear om te dwaan. In soad wurk en dan is it klear en dan tinkst:
- Wat binne de mouwen koart/lang/wiid/smel...
- Eins hie der wat langer/koarter moatten...
- Hie ik net better in maat grutter/lytser meitsje kinnen...
- en mear fan soksoarte gedachten.

Nee, ik meitjse oare dingen. Lytse aardichheidsjes, kadootsjes, sjaals, fan alles en noch wat, ynspiraasje genôch! En ik meitsje ek tekkens. Op dit stuit bin ik dwaande mei twa, ik haak in tekken:



En ik breidzje in tekken. De breidene tekken is de "Zeeuwse meebreideken". Ik krij alle moannen fiif nije patroanen en alle patroanen binne in fjouwerkantich flak. Alle flakken oaninoar foarmje dan de tekken. De patroanen binne eins âlde patroanen fan fiskerstruien. Der sitte kabels by en streeppatroanen, fan alles wat. In machtich moai projekt!
Ik meitsje de tekken al wat oars, ik breidzje it yn ien kear, fjouwer flakken neist inoar. En dan seis flakken yn 'e hichte.


Ik bin noch dwaande mei myn earste rige fan fjouwer. Ik ha al 15 patroanen binnen en der sit ek in hart yn:


Hjoed tocht ik ynienen: "Dêr meitsje ik in pompeblêd fan!" Dan wurdt it ek in bytsje in Fryske tekken. Safier bin ik noch net, ik ha noch tiid om te betinken hoe ik dat dwaan sil!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 18 maart 2015

Maaitiid

Maaitiid


Ynienen is it maaitiid, hearlik waar en allegeare kleur ferskynt yn 'e tún. Titelroazen en krookjes en ayttablomkes, prachtich! It earste blomke dat ik graach sjen wol is fansels it snieklokje. Spitichernôch groeie der yn ús tún net safolle. Ien pôltsje koe ik fine dit jier...


Mar der komt wat by, want fan in freondinne krige ik dit:


Snieklokjes út har tún en ik ha se gau hjir yn 'e grûn setten.

Koartlyn seach ik by Praat mar Frysk op facebook dit moaie gedicht fan Tiny Mulder:


No mar hoopje dat ik skielk ek hûndert snieklokjes yn 'e tún krij. Miskien noch wol mear!


Groetnis fan it Nifelwyfke

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 23 februari 2015

Boek

Boek


It hat net folle mei nifeljen te krijen, mar wol mei Frysk: ik had in boek lêzen, "Op klompen troch de dessa" fan Hylke Speerstra. 


It is in boek weryn "Indiëgongers" fertelle oer wat se meimakke ha. In stikje skiednis wêr 't ik eins sawat neat fan wist. Fan ús mem hearde ik dat har âldste broer der ek west hat, mar hij hat der noait wat fan ferteld. In rare tiid moat it west ha. Net foar te stellen dat de jonge mannen, sa krekt nei de twadde wrâldkriich safier fuort moasten, foar sa'n lange tiid, jierren lang! Ferskriklik. 
Hylke Speerstra skriuwt alle haadstikken yn in oare toan, de toan fan de ferteller. Dat hat er moai dien. 

It is net in moai ferhaal, mar wol in oanrieder!

Groetnis fan it Nifelwyfke


zaterdag 14 februari 2015

In tút fan...

In tút fan...


Hjoed is it 14 febrewaris en dat is Falentynsdei. Der wie in aardiche aksje fan Post.nl, koest juster post ferstjûre met in tút! 


No bin ik net sa fan 'e lippestift, ik ha der spesjaal ien foar helle :-)



In hiele steapel tútsjes fan my! 
Soe Doutzen der ek oan meidien ha? 


Ik ha der al wille om, wat soene de reaksjes wêze? Ha jimme der ek oan meidien? Of miskien sels post mei in tút krigen?  

De aksje is wat my oanbelanget tige slagge:



Update: ik ha ek in tút krigen oer de post! Sjoch ek op myn oare bloch: hjir is de link.

Groetnis fan it Nifelwyfke

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.

dinsdag 3 februari 2015

Ljocht

Ljocht


It wurdt al wer wat ljochter, hearlik! Mar jûns kin der noch wol in ljochtsje by. Op myn jierdei krige ik een hiel leuk kado fan myn suske:


Op in "gouden" skaal hat se fyfich waksineljochtjse lein en op alle ljochtsjes hat se in plaatsje of tekst plakt. Sa leuk! En der sitte ek wat Fryske tusken:


Sa kin ik dan jûns in ljochtsje útsykje en dêr mei 'wol oer ;-)


En it passet ek hiel goed bij it genietsjen fan lytse dingen!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 19 januari 2015

Fyftich

Fyftich


Oan it begjin fan it jier fier ik myn jierdei en dit jier wie it in bysûndere jierdei: ik waard fyftich!



Ik bin it âldste bern en dêrmei wiene myn heit en mem dy dei ek fyftich jier heit en mem! Dat fûn ik ek wol in kadootsje wurdich en dêrom kocht ik foar harren in Frysk slokje (fan de "weduwe") en haakte der twa ûndersetters bij:


No wol myn mem der noch wol in pear by! Leuk! Ik meitsje der noch in pear, foar har jiedei! It patroan stie earder op myn bloch, it is hjir te finen.

Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.