Kultuer en kado
Tsien dagen lyn skreau ik hjir oer dat ik sa bliid bin mei myn tsiende folger. No ha't der ek al mear as 10.000 kear immen sjoen by it Nifelwyfke. Mei'k wol oer :-)
Earst no wat kultuer. Ik wie yn Ljouwert, nei't Frysk Museum. We parkearden yn'e garaazje derûnder en ik seach allegearre moaie Fryske wurden:
Ik woe nei it Museum, foaral foar de tentoanstelling oer it Breidzjen. Ik ha der al wat oer skreaun op'e blog fan De Breimeisjes, dat kinst hjir lêze. Hiel moai. Ik gean der nochris hinne, mei it oare "Breimeisje", Lydia, dan binne we de breidzjen-frijwilligers. Dat is op 12 jannewaris.
Der is mear te sjen, it is in skitterend museum! Ik fûn de tentoanstelling fan Harrekrammele ek geweldich moai. Dat is yn it Frysk en yn it Sjineesk! Hiel apart :-)
It gebou is ek prachtich, fan binnen en fan bûten. Hjir boppe sjochst rjochts de doar nei Harrekrammele en dêrneist ek wer allegearre Fryske wurden.
Oant safier it stikje kultuer. Dan komt no it kado.
Ik hie tasein hjoed witte te litten wa't post fan my krijt. Der wiene twa persoanen dy't reagearden en dat wol ik beleanje: Noortje (Noortje Zuid) en Hilde (Hilde haakt), stjoere jimme my in berjochtsje mei jimme adres? Dan stjoer ik wat nei jimme ta! Myn mailadres is debreimeisjes@gmail.com.
Ik wol jimme allegearre graach goede krystdagen winskje!
En folle lok en seine foar 2016!
Groetnis fan It Nifelwyfke!
Reagearje? Graach!