{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zondag 31 december 2017

Aldjiersdei 2017

Aldjiersdei 2017


Op dizze lêste dei fan it jier dochs noch in berjocht fan it Nifelwyfke!

It wie in moai jier en it begûn mei de #musthawwe, de mûtse dy't ik betocht foar Friesland Post.


Dit jier wie ik ek "drok" mei "De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld". Eltse moanne gean ik nei de biblioteek yn Snits en dan hake we dêr mei in mear froulje, tige gesellich! Ik ha sels no ien tekken makke (sjoch hjir) en bin dwaande mei in twadde. 
Ik betocht ek tekkens en der wie ek in Fryske tekken by, dat kinst hjir sjen. En sa'n tekken is no makke troch de Nifelclub fan Skearnegoutum!


Hjir haw ik neat oan haakt, mar ik bin der wol grutsk op!

Dit jier haw ik net safolle skreaun op dizze Fryske blog, wol hiel folle op de myn breimeisjes-blog. Dêr is hjoed ek in oersjoch te finen.

Wat bringt 2018? We sille sjen! Yn elts gefal stiet der wer in patroan yn it earste nûmer fan Friesland Post! Dizze kear in Fryske sjaal!



Breidzje jimme ek in moai ein oan dit jier?
In 2018 nim ik de triid wer op! Graach oant sjen!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 7 augustus 2017

Feest yn Snits

Feest yn Snits


It is "Sneekweek"! It is ôfrûne freed al begûn en it duorret ditzze wike noch. Hjir is it hiele programma te finen.

Woansdei is de Hurdsyldei-Bradery en dêr mei ik sels graach hinne gean. Dizze kear komt ek de "Haak-maar-aan-caravan", fan it projekt "De grutste haakte tekken fan de wrâld". Dêr haak ik sels ek oan mei, mar dat lit ik foaral sjen op myn oare blog, fan De Breimeisjes, kinst myn blogs oar dit projekt fine ûnder it label "Haak-maar-aan".
Miskien wurdt der dy dei wol in Snitser tekken haakt!


Of in Fryske? Op de plakken fan de reade fjouwerkantsjes moat dan fansels in pompeblêd komme, ik soe sizze nei dit patroan.



Myn doel is om woansdei ek in tiidsje oan te haken by de karavan. ûndertusken haak ik thús troch oan myn tekken:



Ik moat op dit stuit noch sa'n 65 fjouwerkantsjes hake oant dizze tekken klear is. Alteast... ik moat it dan noch al goed opmjitte. Miskien moat der noch in râne omhinne. 

In moaie Sneekweek winske en miskien oant sjen op de bradery!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


maandag 19 juni 2017

De grutste haakte tekken fan de wrâld

De grutste haakte tekken fan de wrâld


Yn 2018 is Ljouwert de Kulturiele haadstêd. In grut tema is "mienskip" en derby ha wat froulju wat moais betocht: de grutste haakte tekken fan de wrâld. Der binnen hiel wat minksen dy't hjir by oan "hake". Net allinne yn Fryslân en sels net allinne yn Nederlân, oer de hiele wrâld! Bysûnder fyn ik dat.

Ik haak sels oan yn 'e biblioteek yn Snits, in kear yn 'e moanne komme der minksen om meionoar te haken oan tekkens. ôfrûne wike wiene we der wer. No is der in simmerstop, mar op 14 septimber geane we wer oan 'e haak. En we hake thús troch.

Dit is de tekken dy't ik meitsje:


De tekken is hjir 13 x 14 granny's grut. Der moatte noch 7 rigen by.

Ik ha ek in Fryske tekken betocht:


 Op it plak fan de reade fjouwerkantsjes moatte pompeblêden komme. Dat kin moai net it patroan fan de ûndersetters, dat hjir op dizze blog te finen is. 
Ik leau dat der al in pear minsken mei sa'n tekken dwaande binne. Ik bin benijd!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

dinsdag 6 juni 2017

Fryske ûle

Fryske ûle


Sa ien kear yn'e moanne haak ik oan yn de biblioteek yn Snits. Mei oare froulju. We hake dan oan de grutste haakte tekken fan'e wrâld. Ûndertusken drinke we kofje/té, nimme wat lekkers en fansels wurd der hiel wat praten, oer fan alles!

Ik hie in kear in foto sjen litten fan in Frysk ûltsje dat ik haakt hie, kinst it hjir sjen.
No frege ien fan de froulju oft ik noch ien meitsje woe, mar dan in grutten. Se woe sa'n ûle jaan as presintsje foar in poppe dy't koartlyn berne wie.

Dat woe ik wol besykje.

Ik wie der al gau achter dat ik it op de "mochilla-wize hake moast.




It koste wol wat tiid fansels, en ik hie gjin patroan. Doe't myn blaue jern hast op wie bin ik ophâlden. 


Ik hie noch in lyts ûltsje en dy hie ik der by as foarbyld. Se mochten tegearre op 'e foto. 




De grutte ûle krige ek klaukes om op te stean.


Noch efkes wat tichterby:


De wjukken fan de ûle binne nei dit patroan.



















It wie goed nei't sin, dizze ûle is ferhuze. Goeie! Oant sjen!


Dizze ûle is hjoed ek poppenijs by De Breimeisjes.


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 15 mei 2017

De kol is klear!

De Kol is klear!


Ja hear, de kol is klear!


No wie plan A dat it in sjaaltsje wurde soe, mar doe 't it earste boltsje jern op wie,


hie ik in lingte fan krapoan 55 sintimeter...
Mar dat ik krekt genôch foar in kol!


It twadde boltsje haw ik ek rap ophaakt en ik ha it mei in slach deryn oan elkoar fêst haakt.


Ik bin  wiis mei myn Friezen-kol!


De stek haw ik in dizze blog útlein.


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


maandag 3 april 2017

Friezen hake

Friezen hake


Maart is foarby, it is al april en it Nifelwyfke die it rêstich oan. Gjin Fryske ynspiraasje... 
No wol! Ik hie noch wat jern lizzen, twa boltjes, wasken spikerguod, as ik it yn it Frysk oerset:


Ik wist noch net wat ik der mei meitsje soe en beseach dit boek:


Dat haw ik in kear kocht yn in kringloopwinkel. It blykt in moai boek mei in soad leuke haakstekken te wêzen en myn each foel op in stek mei de namme Friezen:


Dat moast it wol wurde 😊

It oantal stekken moat dielber wêze troch 3 en dan noch ien stek derby. Ik ha 11 x 3 dien, 33 + 1 stek. Der moatte earst stokjes op.
De earste toer begjint dan mei 3 lossen of in begjinstokje en dan noch 33 stokjes.


Toer 2: 1 losse (dat is de earste "fêste"), 1 fêste tusken de earste 2 stokjes, *3 stokjes oerslaan, 3 lossen, 1 fêste nei it tredde stokje*, herhelje fan * oant *, eindigje mei 1 fêste op it begjinstokje of yn de boppenste fan dy trije begjinlossen.
Toer 3: 1 losse (dat is de earste "fêste"), 2 lossen, 1 fêste om it folgjende lossenboogje, 3 lossen*, herhelje fan * oant *, eindigje mei 1 fêste om it folgjende lossenboogje, 2 lossen, 1 fêste yn de lêste stek.
Toer 4: 3 lossen of 1 begjinstokje, 1 stokje om it earste (lytse) lossenboogje, 3 stokjes om alle folgjende lossenboogje, om it lêste (lytse) lossenboogje wer 1 stokje en 1 stokje op de lêste stek.
Toer 5: 1 losse (dat is de earste fêste), 1 fêste tusken de earste 2 stokjes, 2 stokjes fan de foarige toer oerslaan, 3 lossen, 1 fêste nei dat twadde stokje, *3 stokjes fan de foarige toer oerslaan, 3 lossen, 1 fêste nei it tredde stokje*, herhelje fan * oant *, eindigje mei 1 fêste yn de lêste stek.
Toer 6: 1 losse (dat is de earste "fêste"), 2 lossen, 1 fêste om it folgjende lossenboogje, 3 lossen*, herhelje fan * oant *, eindigje mei 1 fêste om it folgjende lossenboogje, 2 lossen, 1 fêste yn de lêste stek.
Toer 4 oant en mei 6 herhelje.


It haakt lekker flot, ik wit noch net hoe fier ik kom en hoe't ik it ôfslúte sil. Earst mar ris troch hake!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


woensdag 1 februari 2017

Pompeblêd yn trije D

Pompeblêd yn trije D


Sa ien kear yn 'e moanne hawwe wy fan De Breimeisjes in hantwurkjûn en dêrfoar betinke we alle kearen wat aardiche patroanen. Ôfrûne kear wiene it harten, dat hie te krijen mei Falentynsdei, dat is 14 febrewaris wer sa fier.



Wolst it patroan fan dizze herten ha? Stjûr in berjocht nei debreimeisjes@gmail.com, dan krijst it tastjûrd, it patroan is yn it Nederlânsk.

Al dwaande betocht ik dat der dan ek in pompeblêd-ferzje komme moast:


Ik die dat sa:

Je hake earst de twa bolle boppeneinen. Haak it krekt as in spiraal.
Toer 1: Yn in magyske ring haakst 6 fêsten (6)
Toer 2: Yn alle fêsten 2 fêsten (12)
Toer 3: Yn alle fêsten 1 fêste (12)
Toer 4: *Yn de earste stek 1 fêste, yn de folgjende stek 2 fêsten*. Herhelje fan * oant * (18)
Toer 5: *Yn de earste 2 stekken elts 1 fêste, yn de folgjende stek 2 fêsten*. Herhelje fan 8 oant * (24)
Toer 6: *Yn de earste 3 stekken elts 1 fêste, yn de folgjende stek 2 fêsten*. Herhelje fan * oant * (30)
As it earste bolle boppenein klear is, knipst de tried ôf en makkest noch ien. dêrnei net ôfknippe, mar de beide boppeneinen oan elkoar fêst hake. Lis de boltsjes tsjin elkoar oan en haak dan fanút de binnenkant fan it earste boppenein 3 fêsten troch beide boppeneinen. Dan hast 3 ferbiningsfêsten.

No giest troch oan de bûtenkant. It is in bytsje yngewikkeld, besykje it mar gewoan 😊

Toer 7:
1 fêste yn itselde ynstekplak as by de lêste ferbiningsfêste, mar dan by boppenein 2. Yn alle folgjende 27 stekken 1 fêste. 1 fêste yn itselde ynstekplak fan de earste ferbiningsfêste, noch altyd fan boppenein 2. 1 fêste om dy ferbiningsfêste. 1 fêste yn it ynstekplak fan de ferbiningsfêste fan it earste boppenein. Yn alle folgjende 27 stekken 1 fêste. 1 fêste yn itselde ynstekplak as by de lêste ferbiningsfêste, mar no by boppenein 1 en dan noch 1 fêste om dy ferbiningsfêste.

As it goed is binne der no 60 stekken. As it net alhiel goed is, makkest it goed. 
Toer *: Yn dizze toer yn alle stekken 1 fêste. Dan kinst fuortendaliks telle hoefolle stekken der binne.

No moat der mindere wurde. Ik minderje 6 stekken yn in toer. As it sa is datst net alhiel 60 stekken hast, kinst yn de earste toer mei minderingen wat mear of minder stekken minderje sadat der oan it ein fan dy toer 54 stekken oerbliuwe.

Op dit punt is it handich om in ophingluske oan it pompeblêd fêst te meitjsen. Haak in tried fan 20 (of 30) lossen en stek de úteinen troch de boppenkant en meitsje it goed fêst oan de binnenkant.

Toer 9: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 9 en 10 tegearre te haken (54)
Toer 10: Yn alle stekken 1 fêste (54)
Toer 11: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 8 en 9 tegearre te haken (48)
Toer 12: Yn alle stekken 1 fêste (48)
Toer 13: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 7 en 8 tegearre te haken (42)
Toer 14: Yn alle stekken 1 fêste (42)
Toer 15: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 6 en 7 tegearre te haken (36)
Toer 16: Yn alle stekken 1 fêste (36)
Toer 17: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 5 en 6 tegearre te haken (30)
Toer 18: Yn alle stekken 1 fêste (30)
Toer 19: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 4 en 5 tegearre te haken (24)
Folje no it pompeblêd op.
Toer 20: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 3 en 4 tegearre te haken (18)
Toer 21: Minderje 6 stekken troch hieltyd stek 2 en 3 tegearre te haken (12)
Toer 22: Minderje 6 stekken troch hieltyd 2 stekken tegearre te haken (6)
Knip de tried ôf en helje mei in nulle de tried troch de lêste stekken en lûk it goed oan en hechtsje ôf.


Kinst it grutter of lytser meitsje troch de boppeneinen grutter of lytser te meitsjen. Kinst ek stoppe mei 24 stekken it boppenein of trochgean oant 36, 42 of noch mear stekken! 

De tafel fan 6 is wol in moai útgongspunt. Dan wurdt de rûning ûnderoan moai!

Patroan fan Akkelien Smink - nifelwyfke.blogspot.nl  -  debreimeisjes.blogspot.nl

Ik hingje myn pompeblêd oan myn Pronkriderstas!

Hjir ryd ik mei ús heit, ús mem rydt mei ien fan ús trainsters.
Mear witte oer de Pronkriders? Sjoch op Facebook!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

zaterdag 7 januari 2017

Must hawwe

Must hawwe


Ôfrûne novimber krige ik in mail fan Friesland Post mei de fraach oft ik in mûtse breidzje koe. Graach in grize mei wite pompeblêden. 

No, dat koe ik wol 😊


Ik makke der twa!


En it stiet yn it nûmer fan jannewaris fan de Friesland Post!  



 Mei it patroan.



Dat patroan is fan my en ik jow it hjir yn it Frysk.

De mûtse wurdt rûn breide. Foar de folwoeksene mûtse haw ik breide mei priemmen nûmer 8 en dûbele tried fan akryl jern. Foar de bernemûtse haw ik mei inkele tried breide fan itselde jern en no mei priemmen nûmer 5. It patroan is foar beide itselde.



Set 60 stekken op en breidzje in board fan 15 toeren, mei boardstek 2 rjocht, 2 averjocht.
Yn de lêste toer breidest de lêste 2 stekken tegearre. Dan hast noch 59 stekken.

No begjinne de skeane banen. Dat dochst sa: breidzje ôfwikeljend 10 stekken rjocht, 10 stekken averjocht.
Dat komt net hielendal út, want der is 1 stek "te min". Troch it dochs te dwaan, krijst fansels de skeane banen. 
Der moat ek mindere wurden. Dêrmei begjinst nei 3 toeren. Let op: it begjin fan de toer ferspringt no ek, want dat is hieltyd oan 't begjin fan dy earste baan mei rjochte stekken. It kin handich wêze om in markearder te brûken. Sels brûk ik in tried yn in oare kleur.


Yn it patroan stiet hieltyd tusken haakjes it  totaal oantal stekken.



Toer 16 oant en mei 18: *10 rjocht, 10 averjocht*. Herhelje fan * oant * noch 2 x. Dat jildt ek foar alle folgjende toeren. (59 stekken).

Toer 19: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 8 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 8 stekken averjocht*. (53 stekken)

Toer 20 oant en mei 22: *9 stekken rjocht, 9 stekken averjocht*. (53 stekken)
Toer 23: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 7 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 7 stekken averjocht*. (47 stekken)
Toer 24 oant en mei 26: *8 stekken rjocht, 8 stekken averjocht*. (47 stekken)
Toer 27: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 6 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 6 stekken averjocht*. (41 stekken)
Toer 28 oant en mei 30: *7 stekken rjocht, 7 stekken averjocht*. (41 stekken)
Toer 31:  *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 5 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 5 stekken averjocht*. (35 stekken)
Toer 32 oant en mei 34:  *6 stekken rjocht, 6 stekken averjocht*. (35 stekken)
Toer 35: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 4 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 4 stekken averjocht*. (29 stekken)
Toer 36 en 37: *5 stekken rjocht, 5 stekken averjocht*. (29 stekken)
Toer 38: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 3 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 3 stekken averjocht*. (23 stekken)
Toer 39: *4 stekken rjocht, 4 stekken averjocht*. (23 stekken)
Toer 40:  *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 2 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 2 stekken averjocht*. (17 stekken)
Toer 41:  *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 1 stek rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 1 stek averjocht*. (11 stekken)
Toer 42: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 2 stekken averjocht tegearre breidzje* (5 stekken)
Hele in tried toch de lêste 5 stekken en lûk goed oan en dan ôfhechtsje.


Haak mei wyt (of in oare kleur) de pompeblêden.
Begjin mei in magyske ring. Haak dêr yn earst 2 lossen en dan efterinoar 3 dûbele stokjes, 7 stokjes en dan wer 3 dûbele stokjes. Dan noch 2 lossen en 1 heale fêste yn de magyske ring. Lûk de ring ticht en lis in knoop yn de begjin- en eintried. Klear! Kinst mei de begjin- en/of eintried it pompeblêd op de mûtse fêst sette. 


Troch in tinnere of dikkere haaknulle te brûken, wurdt it pompeblêd grutter of lytser. Foar de grutte mûtse has ik pompeblêden haakt mei haaknulle 3 en 3½, foar de lytsere mûtse kin it wol mei haaknulle 2½ of 3. Omt de banen nei boppen ta smeller wurde, is het aardich om de boppenste pompeblêden wat lytser te meitsjen. 


Kinst ek in ekstra grutte meitsje! Mei dûbel jern en in hiele dikke haaknulle!


Haak safolle ast sels wolst en set se fêst op it plak datst moai fynst.
Sa makkest fan dyn selsbreidene mûtse dyn eigen unyke sksimplaar!


Mear patroanen fan pompeblêden kinst hjir fine.


Patroan fan Akkelien Smink - nifelwyfke.blogspot.nl  -  debreimeisjes.blogspot.nl



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

zondag 1 januari 2017

2017

2017


De earste dei fan 2017! 



365 dagen lizze foar ús.
We kinne der sels wat moais fan meitsje!

Alle lok en seine tawinkse! 

Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!