{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

maandag 30 maart 2015

In bytsje Frysk yn de tekken

In bytsje Frysk yn de tekken


Yn de foarige bloch liet ik wat sjen fan myn tekken-projekt. Yn it orizjinele patroan komt in hart. Dat wol ik der net yn. Ek omdat it in gatsjepatroan is en ik wol gjin gatsjes yn de tekken. Ik wol der in pompeblêd yn, mar ik wit noch net hoe ik it dwaan sil. Ik bin al oan it sykjen nei in patroan en no liket it my wol tûk om hjir de "links" te garjen. Dan hat in oar der ek wat oan!

Spitigernôch kin ik noch net safolle fine.

- In patroan dat brûkt is foar in soarte fan brosj, by Kantsteek en Co (moatst wol in ein nei ûnderen skrôlje)
- Dit patroan fan mysels kin ek wol foar it breidzjen brûkt wurde. Ik liet it hjir alris sjen, borduert op in boekje.


Ik sykje fierder en ik tink fierder! It hat de tiid noch, ik bin der noch net oan ta :-)
En suggestjes binne fansels ek wolkom!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

2 opmerkingen:

  1. Der bin ik ek wer te eameljen. Der wie eartiids in rit dat elts in Fryske flagge trui hie. Der sieten ek pompeblêden yn. Dat patroan stie yn de Friesland Post?
    Succes,
    Groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ik fyn it altyd leuk datst wat skriuwst! Ja, der moat wol mear wêze. Ik tink dat ik ek noch wol wat lizzen ha, ik sil nochris sykje. Mar op 't internet kin ik net folle fine!

      Verwijderen