{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

maandag 22 december 2014

In gouden pompebled

In gouden pompeblêd


Oan it begjin fan dit jier  begûn de útdaging om eltse moanne in pompeblêd te finen of te betinken. Dat foel net altyd ta. No is it oan it ein fan it jier 2014. Yn desimber wie der noch net in pompeblêd te sjen by it Nifelfwyfke, mar op 'e sprong nei 't nije jier haw ik noch in moaie fûn:


In gouden pompeblêd. Dit pompeblêd is in wichtich "ûnderdiel" fan in ingeltsje:


Dit patroan is hjir te finen. It ingeltsje is moai ienfâldich. Se hinget al yn 'e krystbeam by alle oare ingeltsjes.


Ik wol graach eltsenien moaie krystdagen tawinskje en in goed úteinde!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

vrijdag 5 december 2014

Sinteklaas

Sinteklaas


Hjoed is it fiif desimber,
de dei fan Sinteklaas.
't Nifelwyfke  hat it drok
mei dizze baas.


Nifelje oan surpizes
en in gedicht moat der ek noch bij
Dêrom noch gjin 
nij pompeblêd fan mij.


Myn klompke stiet al klear
En ik sjong in moai liet
en freegje dizze kear
ynspiraasje en noch wat tiid!



In moaie Sinteklaasjûn tawinske!

Groetnis fan it Nifelwyfke
(www.debreimeisjes.nl)



zaterdag 15 november 2014

Pompebled yn novimber

Pompeblêd yn novimber


It pompeblêd fan oktober brocht my mear ynspiraasje:


Der kinne wol wat toeren by en dan hast in ûndersetter!


Ik ha wat toeren eksta haakt, it binne der no tsien.



Dat passet moai by in Frysk slokje, mar in wynglês passet der ek wol op.

Kinst it noch grutter meitsje, dan kin it pannelappen wurde. En ik tocht ek al oan in badmatte fan Zpagetti! 

Toer 1: magyske ring mei 6 fêsten (6)
Toer 2: keare, yn alle stekken 2 fêsten (12)
Toer 3: keare, * yn 'e earste stek 1 fêste, yn de twadde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x  herhelje oant it ein fan de toer (18)
Toer 4: keare, * yn 'e earste en twadde stek elts 1 fêste, yn de tredde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (24)
Toer 5: keare, * yn de earste trije stekken elts 1 fêste, yn de fjirde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (30)
Toer 6: keare, * yn de earste fjouwer stekken elts 1 fêste, yn de fyfde 2 fêsten*,
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (36)
Toer 7: keare, * yn de earste fiif stekken elts 1 fêste, yn de sechde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (42)
Toer 8: keare, * yn de earste seis stekken elts 1 fêste, yn de sânde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5x herhelje oant it ein fan de toer (48)
Toer 9: keare, de earste stek net hake, dan * yn de earste sân stekken elts 1 fêste, yn de achtste 2 fêsten*, fan * oant * 4 x herhelje, dan fierder fêsten hake, mar yn de lêste stek 1 heale fêste.
No komt der noch ien toer mei fêsten omhinne. Net keare, gewoan troch hake, earst tusken de boochjes fan it pompeblêd. Ik ha boppenoan 2 fêsten yn 1 stek en dan in pear kear 1 en dan oan de oare kant ek sa. Fierder yn alle stekken 1 fêste en ôfwurkje.

Update: dit patroon in de Nederlandse vertaling vind je hier!


Groetnis fan It Nifelwyfke!


zaterdag 1 november 2014

Fryske poëzij jûn

Fryske poëzij jûn


Dizze moanne is der in jûn yn Ljouwert mei Fryske dichters en moaie musyk. De musyk is fan Grapefruit Moon. Ik tink net dat se Frysk sjonge sille, mar moai is it wol!






Ûndertusken wurkje ik oan in nij pompeblêd!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

vrijdag 10 oktober 2014

In nij patroan fan in pompebled

In nij patroan fan in pompeblêd


Myn foarnimmen om yn alle moannen wat nijs te betinken mei pompeblêden slagget net alhiel, mar hjoed ha 'k wol in nije!

Ik wie tige motivearre oan it haken en doe ûntstie dit:


Ik ha myn bêst dien om it patroan goed yn 'e holle te krijen en sil no besykje om it oer te bringen yn tekst.

Toer 1: Yn in magyske ring 6 fêsten:

Toer 2: Keare, yn alle stekken 2 fêsten (12):



Toer 3: Keare, *yn de earste stek 1 fêste, yn de twadde stek 2 fêsten*, fan * oant * 5 x herhelje, oant it ein fan de toer ta (18):

Toer 4: Keare, * yn de earste en twadde stek elts 1 fêste, yn de tredde stek 2 fêsten*, herhelje 5 x fan * oant *, oant it ein fan de toer ta (24):



Toer 5: Keare, de earste stek net hake, dan * yn de folgjende 3 stekken, elts 1 fêste, yn de fjirde 2 fêsten*, fan * oant * 4 x herhelje, dan noch fêsten hake, mar yn de lêste stek 1 heale fêste:



No komt der noch in toer fêsten omhinne, net keare, mar troch hake, earst tusken de boochjes, ik ha boppe 2 fêsten yn 1 stek dien en under 1 feste en dan yn it oare boochje earst 1 ûnder en dan boppe 2 yn 1 stek. 



Dêrnei yn alle stekken 1 fêste. Oan it ein ôfwurkje.



Ik ha noch in pompeblêd haakt en se oan elkoar fêst haakt. Nei it twadde blêd kinst gelyk troch hake, nimst hieltyd fan beide pompeblêden 1 luske fan eltse fêste, dat jowt in moaie râne.

Ik haak direkt in lus boppe, fan 30 lossen, sa kin ik it pompeblêd moai oan myn tas hingje of oan in kaai!



Alle losse trieden kinne nei binnen wurke wurde:



De lêste stek noch moai ôfhechtsje en ek die tried nei binnen wurkje en klear is it! Ik hingje dit pompeblêd oan myn tas dy't ik meinim te Pronkriden!



Hjir noch in kollaazje fan alle foto's:



Meie jimme hjir wol oer? 


Groetnis fan It Nifelwyfke

woensdag 8 oktober 2014

Frysk op 'e google-oersetter

Frysk op 'e google-oersetter


Yn myn lêste Nifelwyfke-bloch hie ik it al oer twifelje/twivelje. Hjoed hearde ik wat op de radio, dat se de stavering oars meitsje wolle, dúdliker. It sil my nij dwaan! Wat ik ek lêzen ha: der wurdt wurke oan in google-oersetter yn it Frysk! Dan sil ik op dizze bloch skielk ek de google-translate-funksje in plak jaan!
Hjir kinst mear lêze en sels meidwaan oan it oersetten!



Freed in nije bloch, en dan lit ik sjen hoe dit pompeblêd makke is! 




Groetnis fan It Nifelwyfke!

woensdag 1 oktober 2014

Oktober - wynmoanne

Oktober - wynmoanne


Och heden, no is it al oktober! Heech tiid foar in nij berjocht fan it Nifelwyfke! Ik nifelje noch wol, hear, in soad sels, mar dan net yn it Frysk... Al is it wol yn myn gedachten/tinzen.

Op myn oare bloch skriuw ik mei mear gemakt, yn it Frysk twivelje/twifelje ik by in soad wurden. Nim it wurd "oktober". As ik twivelje/twifelje sjoch ik bij Praat mar Frysk. Meastentiids docht bliken dat ik it wol goed hie. Oktober is yn it Frysk ek oktober. Mar ... ek wynmoanne. En no tink ik: "Wyn? Wyn bûten, of wyn yn it glês?" It passet beide by oktober.

No haw ik hjoed leart fan Praat mar Frysk dat twivelje mei in "v" is én dat it ek mei in "f" kin, twifelje. No twifelje/twivelje ik noch mear! Is it dan wol nifelwyfke of moat it dan nivelwyfke wêze? Mar wat in gelok! It is goed: 

Nifelje

Dan is dat dúdlik. En dat is dan wer in typisk fal fan 


Meikoarten in nije bloch, mar dêr moat ik earst noch wat foar nifelje!


Groetnis fan It Nifelwyfke

Opmerkings binne tige wokom! Ik lês se graach (ek at se net yn it Frysk binne :-))

zaterdag 6 september 2014

Pompebled-projekt yn septimber

Pompeblêd-projekt yn septimber


De opkikker-potsjes brochten my in nij idee. En op 'e bloch fan Hilde hie ik earder alris wat sjoen dat noch yn myn holle siet. Se makke in Fryske tas, kinst it hjir sjen. 

It is mei de Fryske flagge sa: de strepen rinne skeef. Mar dat haakt net sa maklik en ik fûn dat Hilde in hiel aardiche oplossing fûn hie. En mei dat idee haakte ik ek in rjocht lapke blau mei wite streepkes  yn heale stokjes en 7 pompeblêdsjes.


Noch wat keal, ik ha der noch in rântsje mei fêsten omhinne haakt:


Hmmm, dat soe ek as pannelappe kinne.... Mar ik hie wat oars yn 'e holle, it moast oer in potsje:


It is my noch net nei it sin. Ik leau dat it better útfalt as pannelappe. Ik moat der noch mar ris mei oan 'e gong! It is wat oan de folle kant.

 
As it foar een grutter pot wie, soe it miskien ek better wêze, al soe it lapke dan ek grutter moatte. Wol leuk, dan kinne der moai Fryske dúmkes yn!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 1 september 2014

Mei 'k wol oer: moai wurd

Mei 'k wol oer: moai wurd


Op facebook krij ik de berjochtjses  fan Praat mar Frysk en hjoed seach ik it wurd fan 'e wike en dat is NEISIMMERJE. Wat in moai wurd! En sa 't it liket, kinne we ek neisimmerje! Wat in moaie berjochten. 
Ik mei wol oer dat Praat mar Frysk! De berjochten binne altyd ferrassend.

Ik kom meikoarten wer mei in pompeblêd-bloch, hjoed genietsje ik fan it neisimmerwaar!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

woensdag 20 augustus 2014

Op stap yn Fryslan - mei 'k wol oer

Op stap yn Fryslân - mei 'k wol oer


De fakânsje is foarby, myn man is al goed in wike oan 't wurk en soan is no ek wer nei skoalle. It wie prachtich en wat ha we moai waar hân! We binne hast trije wiken nei Noarwegen west. Dizze wike skriuw ik dêr oer yn myn oare bloch (debreimeisjes). 

Doe't we wer thús wiene ha we no en dan ek wat útstapkes makke en mei myn man bin ik no foar it earst nei Aldeberkeap west, nei Open Stal. It wie fan 12-7 oan 't 10-8, dat it is al wer foarby. Dochs skriuw ik der no wat oer op myn bloch, omdat it sa moai wie!
We wiene der yn de lêste wike. 

Op ferskeidene plakken yn it doarp kinst keunst besjen en it wie hiel ferrassend en ferskaat. Der is dan in rûte en je komme lâns túnen, yn stâlen, in skoalle, winkels en safuorthinne. 

Hjir binne wat foto's mei de nammen fan de keunstners en in link nei harren webside:

Frank Slabbinck

Gerry Mellema

Marja Griede

Carolien Adriaansche

Bastiaan Meijer

Patrick Magnus
Der wie noch folle mear te sjen! Ik fûn it wurk fan Jelmer Wijma ek skitterend! En dat fan Zjos Meyvis wie ek hiel fassinearend. Op de webside fan Open Stal kinst noch wol sjen hokker keunstners noch mear meidien ha. En dan te begripen dat dit de 43ste edysje fan Open Stal wie! Ik wol hjir graach wer hinne! Ek in hiel leuk plakje, dat Aldeberkeap. 


Groetnis fan It Nifelwyfke!

dinsdag 12 augustus 2014

Pompebleden yn augustus





Pompeblêden yn augustus


It skriuwen fan blochs fyn ik hiel moai om te dwaan. It skriuwen yn it Frysk falt net altyd mei, mar mei wat help fan û.o. Praatmarfrysk.nl kom ik in hiel ein!

Eltse moanne wol ik graach in pompeblêd yn dizze bloch sjen litte. En dan in selsmakke pompeblêd, it moat wol mei nifeljen en hantwurkjen te krijen ha. Mar dan moat ik wol eltse moanne ynspiraasje fine! 

Troch de blochs kaam ik wer yn kontakt mei in nicht fan my en se stjoerde my al ris in foto mei moaie Fryske panlappen. Dy hie se sjoen op facebook, yn in geheime haakgroep. Dat wie krekt wat foar mij en myn bloch fansels! Uteinlik hat se mij ek yn de groep krigen. 

No hake de Fryske froulju fansels net allinnich pompeblêden. Ik kin sels wol sizze dat se foaral oare saken hake. Mar dit wykein seach ik in prachtich pompeblêd, wier skitterend! Ik ha fuortdaliks in berichtsje stjoert nei Jannie Funcke, dy't it makke hat, mei de fraach oft ik it sjen litte mocht op dizze bloch en dat fûn se goed. Se stjoerde sels noch in pear foto's fan oare pompeblêd-kreaasjes!

Dizze Fryske redens fyn ik ek hiel moai betocht! Ik ha sels de redens ek al faak makke. In patroantsje is te finen op de webside fan De Breimeisjes (sjoch hjir!) Dizze Fryske fariaasje sil ik fêst ek noch wolris meitsje!


Dit is ek moai betocht, al sil ik dat sels net gau meitsje:



Mar no it klapstik:

Foto fan Jannie Funcke
In tekken fan allegear "granny's"! Ik fyn 'm geweldich! Jannie hat dizze tekken makke foar har skoansoan. No, dy sil wol wiis wêze mei syn skoanmem! Wat in wurk, en wat in prachtich risseltaat! Tige tank dat ik it sjen litte mocht, Jannie!

Sels ha 'k ek al wer wat plannen. Oare moanne wer in pompeblêd fan it Nifelwyfke!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

woensdag 6 augustus 2014

Snitswike

Snitswike


Hjoed is it Hurdsyldei! Wy wenje sûnt 2003 yn Snits en wy learden dat op Hurdsyldei alles yn Snits mei ien ding dwaande is en dat is.... no ja, it hat mei silen te krijen.
Sûnt Snits by Súdwest Fryslân heart, wurde de konteners al wer lege op woansdei :-)

In pear jier lyn hie ik foar soan in moai Snitser hoeske makke foar de tillefoan, mei de Wetterpoarte der op. Spitigernôch hat er dat doe ferlern. (Hjir kinst noch in foto sjen fan dat hoeske). 

No hat er in nije tillefoan en hij frege my oft ik in nij hoeske meitjse woe, wer mei de Wetterpoarte. It wie foar my in fakânsjeprojekt. Mar it is noch net slagge....


Sa fier wie ik al en doe betocht ik dat ik rekken hâlde moest mei in kantstek en doe bin ik wer op nij begûn. 



En no wie ik al wer safier, mar dy nije tillefoan is folle grutter! Dat ik ha de boel al wer úthelle. De Wetterpoarte kaam krekt op 'e helte fan de hichte fan de tillefoan. Dat wie my net nei 't sin. Ik meitsje wer in nije start. Dizze Snitswike moat soan it noch dwaan mei dit hoeske:

(Mear hoeskes dy 't ik makke ha binne hjir en hjir te sjen).

Ik sil hjoed ris sjen op de bradery! Mear oer wat der te dwaan is yn Snits is hjir te finen.

Lêste nijs:  In hoeske is klear! Sjoch hjir op myn oare bloch!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

dinsdag 15 juli 2014

In pompeblêd yn july

In pompeblêd yn july


Dizze kear komt de ynspiraasje foar it pompeblêd fan 'e moanne troch de Freubelclub fan Katrein Kunst. We nifelje dêr fan alles en de lêste kear hawwe we oan it borduerjen west, op skriuwboekjes.


Earst mei help fan rútsjespapier in patroan meitsje en dat dan, mei in priklappe ûnder de omslach, mei in nulle yn de omslach prikke. En dan borduere.

No betocht ik dat ik dan ek moai in pompeblêd borduere koe en dêrom haw ik ien úttekene:


Alle gatsjes binne prikt:


En dit is it einresultaat:


Op de bloch fan Brenda, BDDesigns, seach ik in moaie útlis om der noch in reisomslach by te meitsjen!

Groetnis fan It Nifelwyfke!