{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zaterdag 7 januari 2017

Must hawwe

Must hawwe


Ôfrûne novimber krige ik in mail fan Friesland Post mei de fraach oft ik in mûtse breidzje koe. Graach in grize mei wite pompeblêden. 

No, dat koe ik wol 😊


Ik makke der twa!


En it stiet yn it nûmer fan jannewaris fan de Friesland Post!  



 Mei it patroan.



Dat patroan is fan my en ik jow it hjir yn it Frysk.

De mûtse wurdt rûn breide. Foar de folwoeksene mûtse haw ik breide mei priemmen nûmer 8 en dûbele tried fan akryl jern. Foar de bernemûtse haw ik mei inkele tried breide fan itselde jern en no mei priemmen nûmer 5. It patroan is foar beide itselde.



Set 60 stekken op en breidzje in board fan 15 toeren, mei boardstek 2 rjocht, 2 averjocht.
Yn de lêste toer breidest de lêste 2 stekken tegearre. Dan hast noch 59 stekken.

No begjinne de skeane banen. Dat dochst sa: breidzje ôfwikeljend 10 stekken rjocht, 10 stekken averjocht.
Dat komt net hielendal út, want der is 1 stek "te min". Troch it dochs te dwaan, krijst fansels de skeane banen. 
Der moat ek mindere wurden. Dêrmei begjinst nei 3 toeren. Let op: it begjin fan de toer ferspringt no ek, want dat is hieltyd oan 't begjin fan dy earste baan mei rjochte stekken. It kin handich wêze om in markearder te brûken. Sels brûk ik in tried yn in oare kleur.


Yn it patroan stiet hieltyd tusken haakjes it  totaal oantal stekken.



Toer 16 oant en mei 18: *10 rjocht, 10 averjocht*. Herhelje fan * oant * noch 2 x. Dat jildt ek foar alle folgjende toeren. (59 stekken).

Toer 19: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 8 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 8 stekken averjocht*. (53 stekken)

Toer 20 oant en mei 22: *9 stekken rjocht, 9 stekken averjocht*. (53 stekken)
Toer 23: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 7 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 7 stekken averjocht*. (47 stekken)
Toer 24 oant en mei 26: *8 stekken rjocht, 8 stekken averjocht*. (47 stekken)
Toer 27: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 6 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 6 stekken averjocht*. (41 stekken)
Toer 28 oant en mei 30: *7 stekken rjocht, 7 stekken averjocht*. (41 stekken)
Toer 31:  *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 5 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 5 stekken averjocht*. (35 stekken)
Toer 32 oant en mei 34:  *6 stekken rjocht, 6 stekken averjocht*. (35 stekken)
Toer 35: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 4 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 4 stekken averjocht*. (29 stekken)
Toer 36 en 37: *5 stekken rjocht, 5 stekken averjocht*. (29 stekken)
Toer 38: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 3 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 3 stekken averjocht*. (23 stekken)
Toer 39: *4 stekken rjocht, 4 stekken averjocht*. (23 stekken)
Toer 40:  *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 2 stekken rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 2 stekken averjocht*. (17 stekken)
Toer 41:  *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 1 stek rjocht, 2 stekken averjocht tegearre breidzje, 1 stek averjocht*. (11 stekken)
Toer 42: *2 stekken rjocht tegearre breidzje, 2 stekken averjocht tegearre breidzje* (5 stekken)
Hele in tried toch de lêste 5 stekken en lûk goed oan en dan ôfhechtsje.


Haak mei wyt (of in oare kleur) de pompeblêden.
Begjin mei in magyske ring. Haak dêr yn earst 2 lossen en dan efterinoar 3 dûbele stokjes, 7 stokjes en dan wer 3 dûbele stokjes. Dan noch 2 lossen en 1 heale fêste yn de magyske ring. Lûk de ring ticht en lis in knoop yn de begjin- en eintried. Klear! Kinst mei de begjin- en/of eintried it pompeblêd op de mûtse fêst sette. 


Troch in tinnere of dikkere haaknulle te brûken, wurdt it pompeblêd grutter of lytser. Foar de grutte mûtse has ik pompeblêden haakt mei haaknulle 3 en 3½, foar de lytsere mûtse kin it wol mei haaknulle 2½ of 3. Omt de banen nei boppen ta smeller wurde, is het aardich om de boppenste pompeblêden wat lytser te meitsjen. 


Kinst ek in ekstra grutte meitsje! Mei dûbel jern en in hiele dikke haaknulle!


Haak safolle ast sels wolst en set se fêst op it plak datst moai fynst.
Sa makkest fan dyn selsbreidene mûtse dyn eigen unyke sksimplaar!


Mear patroanen fan pompeblêden kinst hjir fine.


Patroan fan Akkelien Smink - nifelwyfke.blogspot.nl  -  debreimeisjes.blogspot.nl



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

2 opmerkingen: