{ 'anonymize_ip': true }

vrijdag 7 februari 2020

Berneferke: kikkerts

Berneferske: kikkerts


Op myn oare blog doch ik mei oan in projekt: eltse freed is der in wurd en dêr betinke we dan wat by. 
Hjoed is it wurd BERNEFERSKE en ik socht wat en ik toch wat. Der sitte no sawn kikkerts yn ien kollaazje. Mar ik wit ek noch in Frysk berneferske oer kikkerts!

Kees Kikkert kwek wat nuver.
Syn toan is lang net suver.
Syn Mem dy kwekt him foar.
Hy moat by 't kikkerkoar!


Dit binne aaiwaarmers, it patroan kinst fine yn dizze blog.
Sa is der samar wer in berjocht fan 't Nifelwyfke!



Groetnis fan It Nifelwyfke!



Reagearje? Graach! 

woensdag 8 januari 2020

Fryske #musthawwe sokken

Fryske #musthawwe sokken


De nije Friesland Post ligt al in de winkel:


Hjir yn stiet in patroan fan Fryske sokken, myn patroan!




Dat is in moai begjin fan 't nije jier: op nije sokken it nije jier yn!

Op de webside fan Friesland Post kinst fine wêr it blêd te keap is.


In noflike dei tawinske!


Groetnis fan It Nifelwyfke!



Reagearje? Graach! 

dinsdag 31 december 2019

Ta eintsjebeslút: 2019

Ta eintsjebeslút: 2019


Yn it hiele jier gjin nijs fan It Nifelwyfke....

Te drok mei De Breimeisjes!

Wat wol aardich is om te fertellen: yn it jannewarisnûmer fan Friesland Post stiet wer in patroan fan my. Dizze kear binne it Fryske sokken! 

In goed úteinde tawinse en foar 2020:

Folle lok en seine!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

maandag 31 december 2018

Nijs oan 't ein fan 2018

Nijs oan 't ein fan 2018


It is rêstich hjir by 't Nifelwyfke!
Sa oan 't ein fan 2018 dochs noch in nijtsje:
ik makke wer wat foar Friesland Post, dizze kear binne it Fryske wanten, foar wa 't fan wanten wit:


Wer in #musthawwe! Ik makke earder in #musthawwe mûtse en in #musthawwe sjaal.

Dit nije patroan stiet yn it jannewaris-nûmer fan Friesland Post:


Dizze Friesland Post leit sûnt 27 desimber 2018 yn 'e winkel.

No 't ik foto's troch seach foar in nije kollaazje seach ik ek dat lytse mûtske. Dat makke ik foar de "goedgemutste breicampagne", dat patroan kinst hjir fine by De Breimeisjes.

Ik winskje eltsenien graach in goed úteinde en

Alle lok en seine foar




Groetnis fan It Nifelwyfke!


Reagearje? Graach! 

woensdag 10 oktober 2018

Wolcom yn Snits

Wolcom yn Snits


Fansels, je soene sizze dat it "Wolkom yn Snits" wêze moat. Dat is wier en dochs is dit ek goed. Der is in nije wolwinkel yn Snits en de winkel hat de namme "Wolcom"!


In dizze winkel wurdt jern ferkocht, dat is it Nifelwyfke tige nei 't sin!
It is jern fan it merk Annell en dat komt út België. Moai jern en moaie kleuren:


Dizze winkel is yn 'e Nauwe Noorderhorne, dat is flakby de biblioteek. Op Facebook kinst mear fine oer dizze winkel. 

No haw ik ek noch in foto fan de boarne fan Snits:


Net sa goed te sjen. Eins fyn ik 'm ek net sa moai, mar it is wol in hiel moai plakje. Flak by de Wetterpoart en by "myn" bakker. 



De bakker is op it hoekje, dy moaie trepgefel. 
Dêr is hearlike sûkerbôle te keap, oranjekoeke en de fulde koeken fan dizze bakker binne ek poerbêst!



Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reagearje? Graach! 

woensdag 5 september 2018

Yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer


Dat is lang lyn: in berjocht fan it Nifelwyfke!

Yn dizze simmer wie ik mei myn freondinne yn Frjentsjer. We seachen dêr de boarne (fontein):

Ien fan de âlve. 

We binne ek bij Selden Sá west, wat in moaie wolwinkel is dat! Ik skreau op myn oare blog al in hiel ferhaal, dat kinst hjir sjen en lêze. 

Ik ha no hiel moai jern, it Fryske palet:


De nammen binne machtich moai:
Stjonksokken Blau, Sipel Giel, Hylper Read, Pronkje Blau, Wol Wyt, kjitten Grien en Waad Griis.
Kinst dat allegear oersette nei it Frysk? Ik wist net wat Kjitten is! Mar ik ha it frege oan Nynke fan Selden Sá 😉

En it komt út Amsterdam! Hoe moai is dat! Te keap yn Frjentsjer!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


dinsdag 13 maart 2018

Pykje fjouwer kin op reis

Pykje fjouwer kin op reis



Ha goeie, wa ha we hjir? Pykje fjouwer tink?


Do bist suver kreas wurden! It wie wol in put wurk, hear..... De poatsjes! Harrekrammele, wat in gepiel! It hie net folle skeeld, of Pykje fjouwer wie neat wurden...


Ik sette troch doe't ik snein ynienen tiid oer hie en haakte poatsjes, snaffel en sturt:


En doe't Pykje fjouwer eagen hie, hold ik fan 'm...


En doe hie er noch net iens streepkes!


Pykje fjouwer krige goudene stjerkes op 'e rêch, dat passet wo by de kening fan de greide!


Goeie reis, Pykje fjouwer! Do meist mei in boekje nei in skoalle ta, dan kinnen bern oer dy lêze en mei dy boartsje! 

Hjir wie al wat te lêzen oer Pykje fjouwer en hjir fynst noch mear ynformaasje.




Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!