Haaksto in Pykje Fjouwer?
Op Facebook hie ik der al wat fan lêzen, Lida Dykstra hat in boekje skreaun, Pykje Fjouwer, en dat boekje giet yn april nei alle basisskoallen yn Fryslân. No wolle se graach by de boekjes ek in haakte Pykje Fjouwer jaan. Al dy pykjes moatte noch haakt wurde en dat kin mei dit patroan.
Hjir is noch wat mear ynformaasje:
Haak sto in Pykje Fjouwer?Pykje Fjouwer is hielendal allinnich. Syn dop woe net iepen en doewiene heit en mem skries al fuort. De aventoeren fan dit skriezepykjebinne optekene troch Lida Dykstra en illustrearre troch de BelgyskeIna Hallemans.Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binnegreidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen.Foar alle bern dy't fan de natuer hâlde en der nóch mear oer wittewolle.Ein maart krije alle 415 basisskoallen yn Fryslân dit boek fan Keningfan ‘e Greide. En wat soe it no moai wêze dat elke skoalle ek inPykje Fjouwer hânpop by dit boek kriget.Dêrom oan dy de fraach: haak mei restjes wol fan souder, ditskriezepykje. Kleur makket net út. It moat in eigen, ‘biodivers’skriezepykje wurde.Is dyn Pykje Fjouwer klear, dan ringest it pykje. Om de poat dochst inring mei dêr oan in label mei dyn namme, adres en tillefoannûmer.Pykje Fjouwer is dan klear om út te fleanen.Stjoer Pykje Fjouwer foar 15 maart 2018 op nei: Pyke Kroes,Gibbeflecht 43, 9022 AH Mantgum.Begjin april wurdt alles nei de skoallen brocht. En dan hoopje dat deskoalle dy’t dyn Pykje Fjouwer hat, kontakt my dy opnimt. Dan wurdtdúdlik hokker reis Pykje Fjouwer makke hat.Download hjir it patroan en haak dyn eigen Skriezepykje. Wist nochmear minsken dy’t goed hake kinne? Stjoer it troch.Mear ynformaasje?Nim kontakt op mei Pyke Kroes 06-12859487 |