{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

dinsdag 29 maart 2016

Buorlju

Buorlju


Ús buorlju binne ferhúze. Dat fine we spitich, mar se wenje noch wol in bytsje yn'e buert.
Ik woe wat jaan en ik makke in lytse slinger. Dêr haw ik een pear húskes foar haakt:



Ik haakte mei fêsten, 12 lossen en dêrop 11 fêsten, 11 toeren. En dan dakjes, dy binne alle fjouwer in bytsje oars. Twa mei "trepgevels" en twa mei in skeef dak.


Se binne mei syn fjouweren en dêrom die ik fjouwer húskes. Ik woe der wat op borduere en dat moast in wurd fan fjouwer letters wurde. Dan kinne jo fansels foar HOME kieze. Dat die ik net, it is THÚS wurden. 


We hoopje dat se harren gau thús fiele yn harren nije hûs!


En dat se ús net ferjitte :-)


In kuorke mei ferjit-my-net-plantsjes en Buorman & Buorman derby! Mear dêroer stiet hjoed op myn oare blog


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

woensdag 16 maart 2016

Fûgeltsje

Fûgeltsje


ôfrûne moandei wie it de hânwurkjûn fan de Breimeisjes en foar dizze kear hiene wy patroantsjes mei yn it tema foarjier. Ik makke thús dit fûgeltsje:


En doe betocht ik dat der ek wol in Frysk fûgeltsje komme koe!


Om it liifke haw ik lytse pompeblêdsjes borduert. 


De ynspiraasje kaam út in tiidskrift, de Anna, mar myn fûgeltsjes binne folle lytser.


Dizze fûgeltsje kinne moai yn'e peaske-tûke!


Mear foto's fan it oare fûgeltsje steane hjoed op'e blog fan De Breimeisjes.




Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 7 maart 2016

Noch in ûltsje

Noch in ûltsje


Ús Heit wie jierdei. Hy hie al wat krigen, mar ik woe noch wat jaan. Foar ús Mem hie ik alris in Frysk wyfke makke (hjir te sjen), no ha 'k foar ús Heit ek wat makke, in ûltsje. Want syn namme is Uilke.

Ik die it no in bytsje oars:


Hjir is it ûltsje oan alle kanten te sjen:



Dit ûltsje hat fuortendaliks in luske krigen! Dizze is ek wat lytser wurden as it ûltsje dat ik earder makke:


Miskien wie it noch wol aardich om er noch wat lytse pompeblêden op de wite banen te meitsjen.... Der soe bêst nochris in ûltsje lâns komme kinne ;-)


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!