{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

donderdag 15 december 2016

Pompeblêden, lyts en grut

Pompeblêden, lyts en grut


It is al wer in skoft lyn dat der nijs wie fan it Nifelwyfke. It Breimeisje is drok, dan sjitte de Fryske blogjes de by yn. 

No ha 'k al dwaande west mei de yndieling en der is in nije side, "Pompeblêden", dêr kinst no alle patroantsjes fan pompeblêden maklik werom fine.

Hjir is noch in patroan:


Begjin mei in magyske ring. Dan haakst yn dy ring 2 lossen, 3 dûbele stokjes, 7 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen, 1 heale fêste. Slút de magyske ring en lis in knoop yn de begjin- en eintried. Kinst mei dizze trieden in luske meitsje om it pompeblêd op te hingjen. Mar kinst se ek brûke om it op wat fêst te setten.

Mei in dikkere of tinnere haaknulle krijst gruttere of lytsere pompeblêden. En mei dûbel jern en in hiele dikke haaknulle krijst in hiel grut pompeblêd!


Yn 't wyt binne se ek moai, wintersk!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!