{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

woensdag 20 mei 2015

Frysk diktee

Frysk diktee


Hjoed is it Frysk diktee 2015. No, eins wie 't juster al, seach ik krekt doe 't ik der wat ynformaasje oer socht. Mar hjoed is it te sjen by Omrop Fryslân. Ik bin wol benijd. Ik besykje no en dan in Fryske bloch te skriuwen, mar ik twifelje hast oer alle wurden, haha! Mar it is miskien wolris aardich om te sjen hoe 't dit my ôfgean sil. 


Mear ynformaasje is hjir te finen by de Fryske Akademie en hjir by Omrop Fryslân.


Frysk prate, dat kin ik wol, mar skriuwen... dat is al wat oars! Mar ik doch myn bêst om ek dat wat by te hâlden!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

dinsdag 19 mei 2015

Jiermerke

Jiermerke


Hjoed is it jiermerke yn Snits en ik sil der hinne. Mar o, wat in waar! It reint en it waait hiel hurd! It hoopje dat it tafalle sil aanst! 



Ik seach dat der dit jier ferskeidene merken binne yn Snits en dizze wike is der noch ien, op tongersdei 21 maaie is der in túnmerke mei bradery. Ek leuk!
En der komt noch in hobbymerke op 28 maaie, in "vlooimarkt" (hoe moat ik dat oersette?) op 4 juny, in boekenmerke op 11 juny, op 18 juny is der in merke mei streekprodukten en op 25 juny in "outlet"-merke! 
Dizze merken binne fan 13.00 oant 21.00 oere op 't Grutsân (Grootzand).




Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

zaterdag 2 mei 2015

Mear Frysk yn de tekken?

Mear Frysk yn de tekken?


It is stil op 'e bloch fan it Nifelwyfke. Dat komt sa: hjir yn 'e hús is fan alles dwaande en it is foaral dat der in nije keuken komt. It Nifelwyfke is in bytsje fan slach, sille we mar sizze. 

No wie ik dizze wike yn de biblioteek en dêr seach ik dit boek:


Ik skreau al in pear kear oer de tekken dy't ik breidzje, mei patroanen fan Sieuwske fiskerstruien. En ik krige in reaksje fan Wiepkje, se frege oft der gjin patroanen binne fan Fryske fiskerstruien. Ja, dy binne der! 



Op dizze kaart, dy't yn it boek stiet, steane alle plakken dêr't fiskerstruien fan binne en der binne Fryske plakken by: Skylge, de Skâns, Harns, Sint Jabik, Wierum en Paesens Moddergat wurde yn it boek neamd. En der steane moaie patroanen yn it boek!  
In hiel aardich boek en ik sil der ek yn oan 't lêzen. Ik wit noch net oft ik dizze patroanen no ek yn myn tekken brûke sil, mar in Fryske fariaasje is wol mooglik.



Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 15 april 2015

Foar it Fryske blok

Foar it Fryske blok


Yn myn lêste bloch skreau ik oer Fryske patroanen mei pompeblêden en dat ik it net fine koe. Ik krij wol gauris in reaksje fan Wiepkje en dizze kear ek. 
Se skreau: 
"Der wie eartiids in rit dat elts in Fryske flagge trui hie. Der sieten ek pompeblêden yn. Dat patroan stie yn de Friesland Post? "

En doe ha ik nochris sjoen op google mei de syktermen: Friese trui breien en ik kaam hjir.
Dêr fûn ik wol in patroan!

No binne de blokken fan de tekken mei Sieuwske patroanen fan in oare maat, dat ik moatst dochs wol oan it rekkenjen. En oant tekenjen. Hjir is myn patroan. 




Ik bin noch net safier. Ik moat earst noch eefkes troch breidzje:



De earste rige mei blokken is klear en ik bin hjir dwaande mei de twadde rige. De pompeblêden komme yn 'e tredde of fjirde rige. Miskien moat ik myn Fryske blok earst noch "proefbreidzje". Ik tink der noch oer nei, dêr haw ik noch wol tiid foar!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 30 maart 2015

In bytsje Frysk yn de tekken

In bytsje Frysk yn de tekken


Yn de foarige bloch liet ik wat sjen fan myn tekken-projekt. Yn it orizjinele patroan komt in hart. Dat wol ik der net yn. Ek omdat it in gatsjepatroan is en ik wol gjin gatsjes yn de tekken. Ik wol der in pompeblêd yn, mar ik wit noch net hoe ik it dwaan sil. Ik bin al oan it sykjen nei in patroan en no liket it my wol tûk om hjir de "links" te garjen. Dan hat in oar der ek wat oan!

Spitigernôch kin ik noch net safolle fine.

- In patroan dat brûkt is foar in soarte fan brosj, by Kantsteek en Co (moatst wol in ein nei ûnderen skrôlje)
- Dit patroan fan mysels kin ek wol foar it breidzjen brûkt wurde. Ik liet it hjir alris sjen, borduert op in boekje.


Ik sykje fierder en ik tink fierder! It hat de tiid noch, ik bin der noch net oan ta :-)
En suggestjes binne fansels ek wolkom!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 25 maart 2015

Tekken

Tekken


Breidzjen en haken, ik mei it hiel graach dwaan. Earder, foaral yn 'e tiid dat ik op de pedagogyske akademy siet, haw ik ek in soad truien makke, mar ik fyn dat net leuk mear om te dwaan. In soad wurk en dan is it klear en dan tinkst:
- Wat binne de mouwen koart/lang/wiid/smel...
- Eins hie der wat langer/koarter moatten...
- Hie ik net better in maat grutter/lytser meitsje kinnen...
- en mear fan soksoarte gedachten.

Nee, ik meitjse oare dingen. Lytse aardichheidsjes, kadootsjes, sjaals, fan alles en noch wat, ynspiraasje genôch! En ik meitsje ek tekkens. Op dit stuit bin ik dwaande mei twa, ik haak in tekken:



En ik breidzje in tekken. De breidene tekken is de "Zeeuwse meebreideken". Ik krij alle moannen fiif nije patroanen en alle patroanen binne in fjouwerkantich flak. Alle flakken oaninoar foarmje dan de tekken. De patroanen binne eins âlde patroanen fan fiskerstruien. Der sitte kabels by en streeppatroanen, fan alles wat. In machtich moai projekt!
Ik meitsje de tekken al wat oars, ik breidzje it yn ien kear, fjouwer flakken neist inoar. En dan seis flakken yn 'e hichte.


Ik bin noch dwaande mei myn earste rige fan fjouwer. Ik ha al 15 patroanen binnen en der sit ek in hart yn:


Hjoed tocht ik ynienen: "Dêr meitsje ik in pompeblêd fan!" Dan wurdt it ek in bytsje in Fryske tekken. Safier bin ik noch net, ik ha noch tiid om te betinken hoe ik dat dwaan sil!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 18 maart 2015

Maaitiid

Maaitiid


Ynienen is it maaitiid, hearlik waar en allegeare kleur ferskynt yn 'e tún. Titelroazen en krookjes en ayttablomkes, prachtich! It earste blomke dat ik graach sjen wol is fansels it snieklokje. Spitichernôch groeie der yn ús tún net safolle. Ien pôltsje koe ik fine dit jier...


Mar der komt wat by, want fan in freondinne krige ik dit:


Snieklokjes út har tún en ik ha se gau hjir yn 'e grûn setten.

Koartlyn seach ik by Praat mar Frysk op facebook dit moaie gedicht fan Tiny Mulder:


No mar hoopje dat ik skielk ek hûndert snieklokjes yn 'e tún krij. Miskien noch wol mear!


Groetnis fan it Nifelwyfke

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.