Foar it Fryske blok
Yn myn lêste bloch skreau ik oer Fryske patroanen mei pompeblêden en dat ik it net fine koe. Ik krij wol gauris in reaksje fan Wiepkje en dizze kear ek.
Se skreau:
"Der wie eartiids in rit dat elts in Fryske flagge trui hie. Der sieten ek pompeblêden yn. Dat patroan stie yn de Friesland Post? "
En doe ha ik nochris sjoen op google mei de syktermen: Friese trui breien en ik kaam hjir.
Dêr fûn ik wol in patroan!
No binne de blokken fan de tekken mei Sieuwske patroanen fan in oare maat, dat ik moatst dochs wol oan it rekkenjen. En oant tekenjen. Hjir is myn patroan.
De earste rige mei blokken is klear en ik bin hjir dwaande mei de twadde rige. De pompeblêden komme yn 'e tredde of fjirde rige. Miskien moat ik myn Fryske blok earst noch "proefbreidzje". Ik tink der noch oer nei, dêr haw ik noch wol tiid foar!
Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)
Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.
Dat wurdt in hiel projekt mei de tekken, mar wol moai. Bin wol hiel benijd hoe as de pompeblêden der yn komme te stean. Sokke patroanen binne der net fan de Fryske fiskersplakken? Starum, De Lemmer, Harns, Hylpen, Wier ensaf.
BeantwoordenVerwijderenGroet, Wiepkje
Miskien wol! Dat wol ik noch leaver breidzje fansels! Mar dan moat soks earst útsocht wurde. Ik doch it no mar sa, in tekken mei in bytsje fan Fryslân!
Verwijderen