{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zaterdag 2 mei 2015

Mear Frysk yn de tekken?

Mear Frysk yn de tekken?


It is stil op 'e bloch fan it Nifelwyfke. Dat komt sa: hjir yn 'e hús is fan alles dwaande en it is foaral dat der in nije keuken komt. It Nifelwyfke is in bytsje fan slach, sille we mar sizze. 

No wie ik dizze wike yn de biblioteek en dêr seach ik dit boek:


Ik skreau al in pear kear oer de tekken dy't ik breidzje, mei patroanen fan Sieuwske fiskerstruien. En ik krige in reaksje fan Wiepkje, se frege oft der gjin patroanen binne fan Fryske fiskerstruien. Ja, dy binne der! 



Op dizze kaart, dy't yn it boek stiet, steane alle plakken dêr't fiskerstruien fan binne en der binne Fryske plakken by: Skylge, de Skâns, Harns, Sint Jabik, Wierum en Paesens Moddergat wurde yn it boek neamd. En der steane moaie patroanen yn it boek!  
In hiel aardich boek en ik sil der ek yn oan 't lêzen. Ik wit noch net oft ik dizze patroanen no ek yn myn tekken brûke sil, mar in Fryske fariaasje is wol mooglik.



Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

1 opmerking:

  1. Jawis, der kinne best in peat Fryske blokken yn de tekken en oars mar in kjessen dy't der by passet. Bin nijsgjierrich wat as it wurdt.

    Groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen