{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

maandag 6 juli 2015

Fakansje

Fakânsje


It is fakânsje! En it wie al net sa drok op de blog fan it Nifelwyfke, mar no wurdt it noch wat rêstiger. Al wurdt der fansels noch wol breide en haakt :-)

It liket wol goed te kommen mei myn pompeblêd:


Ik bin al oer de helte fan it flak en it wurdt al in hiele tekken!


Miskien is der meikoarten wol wer wat te fertellen en oars... dan wurdt it augustus!


Graach wol ik eltsenien in moaie fakânsje tawinskje! En genietsje ek fan lytse dingen!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

vrijdag 19 juni 2015

Broddelje en breidzje

Broddelje en breidzje


Myn tekken is no op 'e helte. 



It giet net sa hurd no, want ik bin dwaande mei it "útfinen" hoe 't ik der in pompeblêd yn breidzje kin. (Hjir kinst mear lêze oer myn tekken.)


Ik bin oan 't tekenjen, ik sjoch nei oare patroanen, fan in hert en fan in flinter, en ik besykje hoe 't it útfalt.


Hjir giet de rjochterkant te hurd omheech. Raffelje mar! En opnij begjinne fanselfs :-)


Dit fyn ik al in stik better!


It hiele pompeblêd sit deryn en hjir is it hiele "broddellapke" klear!


Ik tink dat ik de skeane banen yn'e hoeken noch wat grutter doch, in lyts bytsje. En ik sjoch no noch in "ferbetter-puntsje, no 't ik de foto sjoch. Ik kin no al wer fjirder mei de tekken. En der komt in pompeblêd yn!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

dinsdag 2 juni 2015

Fryske foarleswike

Fryske foarleswike


Juster hearde ik op de radio dat it dizze wike Fryske foarleswike is. Hjir kinst der wat mear oer lêze. 

Foarlêze fûn ik altyd machtich. Myn suske is sân jier jonger dan ik bin en har haw ik in soad foarlêzen en doe 't ik sels mem waard, bin ik der al gau mei begûn. No wennen wy doe yn Nieuwegein, "Nije Wille" om 't yn 't Frysk te hâlden. En it like der doe op dat we dêr bliuwe soenen. Myn man praat fan hús út net Frysk, al kin er him yn 't Bolswarders goed rêde, mar by praten derom Nederlânsk tsjin inoar. Dochs haw ik myn soan ek wolris yn 't Frysk foarlêzen.

Doe 't ús soan trije jier wie, binnen we ferhuze, nei Snits. Snits is ek net sa Frysk, mar doe binne der wol mear Fryske boeken kaam. En de moaisten giene oer Boltsje.

It earste diel hie ik in kear liend by de biblioteek. Neffens my wie dat yn 't Nederlânsk.  Yn 't Frysk binne de aventoeren fan Boltsje de Boer folle moaier. Yn 't Nederlânsk hie er ek in oare namme, mien ik, mar ik wit it net krekt mear.
Letter wie ik by in jûn der 't Lida Dykstra fertelde oer har boeken en der ek út foarlêsde.


Doe kocht ik "De suertsjeplysje" en Lida Dykstra skreau der wat yn:


Ik set it boek no yn ús eigen boekenkast, tusken de Fryske boeken. It earste boek hie ik ek graach yn 't Frysk ha wollen, mar it wie doe net mear te keap.
Lêze jimme ek Fryske boeken? Ik doch it net sa faak, mar as ik in Frysk boek lês, dan fyn ik dat moai, de wurden reitsje mear.


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 25 mei 2015

Stavering

Stavering


No, dat wie ek wat, ik wie mis! Doe't ik klear siet foar it grut diktee, wie de útslach op 'e tillevyzje. Miskien mar goed ek, want ik ha wol sjoen dat it dreech wie! Ik ha der al wer wat fan leard. Sa "ferfryske" ik it wurd blog, mar dat hoecht net, dat ha ik no sjoen:


Wûnderlike wurden sieten yn it diktee, "kidelhoarnige blogs", ik wit no noch net wat dat binne! En wat te tinken fan "wûpsty"! Ik brûk faak de "Wat wurd it" fan Praat mar Frysk, mar de wurden steane ek net yn dy list. Se sille net faak brûkt wurde.


It diktee gie oer de nije stavering. De hiele tekst mei útlis kinst hjir fine, by de Fryske Akademy. 

Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 20 mei 2015

Frysk diktee

Frysk diktee


Hjoed is it Frysk diktee 2015. No, eins wie 't juster al, seach ik krekt doe 't ik der wat ynformaasje oer socht. Mar hjoed is it te sjen by Omrop Fryslân. Ik bin wol benijd. Ik besykje no en dan in Fryske bloch te skriuwen, mar ik twifelje hast oer alle wurden, haha! Mar it is miskien wolris aardich om te sjen hoe 't dit my ôfgean sil. 


Mear ynformaasje is hjir te finen by de Fryske Akademie en hjir by Omrop Fryslân.


Frysk prate, dat kin ik wol, mar skriuwen... dat is al wat oars! Mar ik doch myn bêst om ek dat wat by te hâlden!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

dinsdag 19 mei 2015

Jiermerke

Jiermerke


Hjoed is it jiermerke yn Snits en ik sil der hinne. Mar o, wat in waar! It reint en it waait hiel hurd! It hoopje dat it tafalle sil aanst! 



Ik seach dat der dit jier ferskeidene merken binne yn Snits en dizze wike is der noch ien, op tongersdei 21 maaie is der in túnmerke mei bradery. Ek leuk!
En der komt noch in hobbymerke op 28 maaie, in "vlooimarkt" (hoe moat ik dat oersette?) op 4 juny, in boekenmerke op 11 juny, op 18 juny is der in merke mei streekprodukten en op 25 juny in "outlet"-merke! 
Dizze merken binne fan 13.00 oant 21.00 oere op 't Grutsân (Grootzand).




Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

zaterdag 2 mei 2015

Mear Frysk yn de tekken?

Mear Frysk yn de tekken?


It is stil op 'e bloch fan it Nifelwyfke. Dat komt sa: hjir yn 'e hús is fan alles dwaande en it is foaral dat der in nije keuken komt. It Nifelwyfke is in bytsje fan slach, sille we mar sizze. 

No wie ik dizze wike yn de biblioteek en dêr seach ik dit boek:


Ik skreau al in pear kear oer de tekken dy't ik breidzje, mei patroanen fan Sieuwske fiskerstruien. En ik krige in reaksje fan Wiepkje, se frege oft der gjin patroanen binne fan Fryske fiskerstruien. Ja, dy binne der! 



Op dizze kaart, dy't yn it boek stiet, steane alle plakken dêr't fiskerstruien fan binne en der binne Fryske plakken by: Skylge, de Skâns, Harns, Sint Jabik, Wierum en Paesens Moddergat wurde yn it boek neamd. En der steane moaie patroanen yn it boek!  
In hiel aardich boek en ik sil der ek yn oan 't lêzen. Ik wit noch net oft ik dizze patroanen no ek yn myn tekken brûke sil, mar in Fryske fariaasje is wol mooglik.



Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.