Fryske foarleswike
Juster hearde ik op de radio dat it dizze wike Fryske foarleswike is. Hjir kinst der wat mear oer lêze.
Foarlêze fûn ik altyd machtich. Myn suske is sân jier jonger dan ik bin en har haw ik in soad foarlêzen en doe 't ik sels mem waard, bin ik der al gau mei begûn. No wennen wy doe yn Nieuwegein, "Nije Wille" om 't yn 't Frysk te hâlden. En it like der doe op dat we dêr bliuwe soenen. Myn man praat fan hús út net Frysk, al kin er him yn 't Bolswarders goed rêde, mar by praten derom Nederlânsk tsjin inoar. Dochs haw ik myn soan ek wolris yn 't Frysk foarlêzen.
Doe 't ús soan trije jier wie, binnen we ferhuze, nei Snits. Snits is ek net sa Frysk, mar doe binne der wol mear Fryske boeken kaam. En de moaisten giene oer Boltsje.
It earste diel hie ik in kear liend by de biblioteek. Neffens my wie dat yn 't Nederlânsk. Yn 't Frysk binne de aventoeren fan Boltsje de Boer folle moaier. Yn 't Nederlânsk hie er ek in oare namme, mien ik, mar ik wit it net krekt mear.
Letter wie ik by in jûn der 't Lida Dykstra fertelde oer har boeken en der ek út foarlêsde.
Doe kocht ik "De suertsjeplysje" en Lida Dykstra skreau der wat yn:
Ik set it boek no yn ús eigen boekenkast, tusken de Fryske boeken. It earste boek hie ik ek graach yn 't Frysk ha wollen, mar it wie doe net mear te keap.
Lêze jimme ek Fryske boeken? Ik doch it net sa faak, mar as ik in Frysk boek lês, dan fyn ik dat moai, de wurden reitsje mear.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten