{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

maandag 25 mei 2015

Stavering

Stavering


No, dat wie ek wat, ik wie mis! Doe't ik klear siet foar it grut diktee, wie de útslach op 'e tillevyzje. Miskien mar goed ek, want ik ha wol sjoen dat it dreech wie! Ik ha der al wer wat fan leard. Sa "ferfryske" ik it wurd blog, mar dat hoecht net, dat ha ik no sjoen:


Wûnderlike wurden sieten yn it diktee, "kidelhoarnige blogs", ik wit no noch net wat dat binne! En wat te tinken fan "wûpsty"! Ik brûk faak de "Wat wurd it" fan Praat mar Frysk, mar de wurden steane ek net yn dy list. Se sille net faak brûkt wurde.


It diktee gie oer de nije stavering. De hiele tekst mei útlis kinst hjir fine, by de Fryske Akademy. 

Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

3 opmerkingen:

  1. Jammer dat je te laat was, maar 't was ook wel supermoeilijk. Je berichtje leverde een leuke discussie op in onze familie groeps app. Mijn oom vond het wel sjineesk lijken...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Der binne in soad wurden dy't wy net brûke, as der dan wurden binne as kidelhoarnig dan heakje der in soad minsken ôf, tink ik. Frysk skriuwe en prate en lêze is tige wichtich mar we binne ek minsken dy't ek fouten meitsje en meitsje meie. Dus it giet hiel best mei de blog en oars binne der Fryske wurdboeken te keap by de Afuk.
    groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Je hearre sa wolris wurden dy 't hiel moai binne, mar ek wolris hiel nuvere wurden. Ik tink dat it wol goed is dat er wat mear dúdlikheid komt yn de stavering!

      Verwijderen