{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

woensdag 11 mei 2016

Memmedei

Memmedei


Foar ús Mem makke ik in kadootsje, foar Memmedei:


Op dit boardsje tekene ik hartsjes mei stiften foar op diggelguod. Ik boude dit gedichtsje om sadat it in "elfje" waard, is dat in alveke yn it Frysk?

Mem
grut foarbyld
in lústerjend ear
de alderleafste grutte skat
Memmedei

Selsmakke kadootsjes binne spesjaal. Myn soan makke foar my in bon: hy giet mei my in broadsje iten en hy betellet. Fyn ik hiel gesellich!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 



donderdag 28 april 2016

Borduere

Borduere


Op dizze blog seach ik dat der plestik kanvas bestiet en dêr kinst op borduere. Dat like my wol wat, mar ik hie noch nea heard fan plestik kanvas en ik wist ek net wêr't ik soks keapje koe. 
En doe seach ik it samar by de Dorcas-winkel! Samar een gelokje! Ik hie der al oer skreaun op myn oare blog, mar hjir lit ik myn earste projekt sjen! Ik seach foar ynspiraasje op it wrâldwide web en seach hjir dit:


Dat woe ik ek meitsje! It gie al wat oars want ik rekkene yn gatsjes, mar it giet just om de krúskes. 



Myn eksimplaar is no wat smeller.




En ik borduerde mei katoen en dat is oan de tinne kant. Yn de foarbylden wurde heale krúskes borduerd en ik ha hele krúskes makke.


En dan noch blau derby:


In ring derom



en dan tichtmeitsje. Dat haw ik ek mar mei in soarte fan krúskes dien.


De takommende doch ik mei dikker akryl jern, en dan mei heale krúskes. Dan kostet it ek minder tiid om it te meitsjen!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


dinsdag 29 maart 2016

Buorlju

Buorlju


Ús buorlju binne ferhúze. Dat fine we spitich, mar se wenje noch wol in bytsje yn'e buert.
Ik woe wat jaan en ik makke in lytse slinger. Dêr haw ik een pear húskes foar haakt:



Ik haakte mei fêsten, 12 lossen en dêrop 11 fêsten, 11 toeren. En dan dakjes, dy binne alle fjouwer in bytsje oars. Twa mei "trepgevels" en twa mei in skeef dak.


Se binne mei syn fjouweren en dêrom die ik fjouwer húskes. Ik woe der wat op borduere en dat moast in wurd fan fjouwer letters wurde. Dan kinne jo fansels foar HOME kieze. Dat die ik net, it is THÚS wurden. 


We hoopje dat se harren gau thús fiele yn harren nije hûs!


En dat se ús net ferjitte :-)


In kuorke mei ferjit-my-net-plantsjes en Buorman & Buorman derby! Mear dêroer stiet hjoed op myn oare blog. 


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

woensdag 16 maart 2016

Fûgeltsje

Fûgeltsje


ôfrûne moandei wie it de hânwurkjûn fan de Breimeisjes en foar dizze kear hiene wy patroantsjes mei yn it tema foarjier. Ik makke thús dit fûgeltsje:


En doe betocht ik dat der ek wol in Frysk fûgeltsje komme koe!


Om it liifke haw ik lytse pompeblêdsjes borduert. 


De ynspiraasje kaam út in tiidskrift, de Anna, mar myn fûgeltsjes binne folle lytser.


Dizze fûgeltsje kinne moai yn'e peaske-tûke!


Mear foto's fan it oare fûgeltsje steane hjoed op'e blog fan De Breimeisjes.




Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 7 maart 2016

Noch in ûltsje

Noch in ûltsje


Ús Heit wie jierdei. Hy hie al wat krigen, mar ik woe noch wat jaan. Foar ús Mem hie ik alris in Frysk wyfke makke (hjir te sjen), no ha 'k foar ús Heit ek wat makke, in ûltsje. Want syn namme is Uilke.

Ik die it no in bytsje oars:


Hjir is it ûltsje oan alle kanten te sjen:



Dit ûltsje hat fuortendaliks in luske krigen! Dizze is ek wat lytser wurden as it ûltsje dat ik earder makke:


Miskien wie it noch wol aardich om er noch wat lytse pompeblêden op de wite banen te meitsjen.... Der soe bêst nochris in ûltsje lâns komme kinne ;-)


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

vrijdag 26 februari 2016

Frysk/Nederlânsk

Frysk/Nederlânsk


Google translate docht no ek de Fryske taal! Derom ha 'k dy knop by de blog setten, mar hjir jout neat. Dat komt omdat Blogger Frysk noch net in taal fynt. Ik ha by de ynstellings stean dat ik yn it Nederlânsk skriuw. Frysk is de twadde Nederlânske taal, mar sa sil it wol neat wurde mei it oersetten, bin ik bang.

Wat ik ek in leuk nijtsje fyn is dit:

Fryske facebookknoppen :-) Ik seach se by Praat mar Frysk.


De fakânsje begjint hjoed, foarjiersfakânsje! Moaie tiid tawinske!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

donderdag 18 februari 2016

Frysk ûltsje

Frysk ûltsje


Mei myn freondinne fersoargje ik al in skoft hantwurkjûnen. Dan wurdt der meastentiids haakt, tee en lekkers derby, tige noflike jûnen binne dat. Der komme froulju mei eigen projekten, mar wy nimme ek altyd wat patroantsjes mei.

Koartlyn sei ien fan de froulju dat se wolris in ûltsje hake woe. No hie ik 'al wat mei blomkes foar ôfrûne moandei (dêr koest juster al wat fan sjen op de blog fan De Breimeisjes), mar der koe noch wol wat by. Ik fûn hjir by Hilde in aardich patroantsje. Earst haw ik sels ien makke.


Mei wyt en blau. En read! 


Myn ûltsje hat Fryske wjukken krigen :-)
Dizze pompeblêdsjes haak ik no sa: 
Begjin mei in magyske ring.
Dan 2 lossen, 
3 dûbele stokjes,
3 stokjes,
1 dûbel stokje,
3 stokjes,
3 dûbele stokjes,
2 lossen,
en dan ôflúte mei 1 heale fêste yn de magyske ring. 
De ring tichtlûke en yn de begjin- en eintried in knoop meitsje. Mei dy trieden kinst it ek op 't ûltjse fêstsette.



En doe't ik noch oan 't sykjen wie nei in goed patroantsje, seach ik ek in ûle dy't knypeage, dat docht dy fan my no ek ;-)


Ik hie der eins gelyk in luske oanmeitsje moatten....


Dan hie dizze moai oan myn tas hingje kinnen! 






Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!