{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 21 augustus 2015

Op in rige

Op in rige


De fakânsje is foarby, der moat wer wat barre. Nei skoalle, wer oan 't wurk en wer oan 't nifeljen!

Ik hie hjir wat sjoen en dat brocht my ynspiraasje! It moast in earmbân wurde mei pompeblêden en dit wie it earste eksperimint:



Dat earste pompeblêd liket nearne nei, mar die twadde liket my goed!

Ik ha 50 lossen haakt, it moatte eins wat mear wêze, ik soe sizze 55.
Dan begjinst yn de njoggende losse te haken, mei heale fêsten. Dit omdat de earmbân oars te breed wurde sil. Die acht lossen foarmje it luske fan de slúting.
Nei 5 stekken slachst ien losse oer en yn'e folgjende stek haakst 5 heale stokjes. Dan slachst wer ien losse oer en haakst yn'e folgjende stek 1 heale fêste. Noch 1 losse oerslaan en yn'e folgjende stek wer 5 heale stokjes. Noch 1 stek oerslaan en dan wer in rige fan 5 heale fêsten hake. Dan hast de boppekant fan ien pompeblêd klear. Nei dy 5 heale fêsten kinst wer sa'n boppekant hake.



Ik ha der trije haakt op myn earmbân en doe wiene myn lossen al hast op. 



Oant ein haw ik noch in "knopke" haakt, in kluster fan stokjes: 3 lossen (of in begjinstokje) en dan yn deselde stek noch 5 stokjes foar de helte hake en dan noch in omslach troch alle stekken op'e haaknulle helje.
Dêrnei haakst oan'e oare kant fan de earmbân wer heale fêsten en by it begjin fan it pompeblêd haakst 8 dûbele stokjes yn de stek yn't midden fan it pompeblêd en dêrnei wer heale fêsten oan't it foljende pompeblêd:


En dan noch ôfhechtsje!


Ik fyn it wol goed slagge!


Der kin ek in hiele lange rige fan makke wurde. As slinger of as ketting. Of miskien ha jimme noch oare ideeën! Dat wol ik dan wol graach witte :-)


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

woensdag 5 augustus 2015

Fakansjetiid

Fakânsjetiid


It is fakânsjetiid al binne wy dit jier net fuort. Wolris op paad fansels!
Sa wiene wy in dei op Marken, we rûnen nei de fjoertoer:


Spitigernôch stie de fjoertoer yn'e stegers...
It wie dochs wol aardich om dêr te rinnen.
Yn 't plak sels seach ik dizze pompeblêden:


Ik breidzje ek in protte oan myn tekken en it flak mei it pompeblêd is ree:



Mear foto's fan myn tekken binne hjir te sjen op myn oare blog.



Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 13 juli 2015

Fryske mochila

Fryske mochila


Samar yn'e fakânsje noch in berjochtsje fan it Nifelwyfke! Dat komt sa: ik sit op facebook yn in Fryske haakgroep en dêr seach ik wat dat ik hjir perfoarst sjen litte wol. It is makke troch Pytsje van der Meer fan de webwinkel Frutsels en Meer.

In Fryske mochila:


It is in tas mar dan op in hiel spesjale manier haakt. Ik ha it sels noch net besocht, mar ik fyn it wol tige moai! 




Kinst by Pytsje it patroan bestelle en ek in pakketsje mei it jern derby! No haw ik sels noch genôch te haken en te breidzjen yn'e fakânsje, mar miskien fine jimme dit wil in hiel goed plan. Sjoch dan mar by Pytsje op facebook of yn har webwinkel, dêr kinst de foto's ek better sjen!

Ûndertusken genietsje ik fan de fakânsje!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 6 juli 2015

Fakansje

Fakânsje


It is fakânsje! En it wie al net sa drok op de blog fan it Nifelwyfke, mar no wurdt it noch wat rêstiger. Al wurdt der fansels noch wol breide en haakt :-)

It liket wol goed te kommen mei myn pompeblêd:


Ik bin al oer de helte fan it flak en it wurdt al in hiele tekken!


Miskien is der meikoarten wol wer wat te fertellen en oars... dan wurdt it augustus!


Graach wol ik eltsenien in moaie fakânsje tawinskje! En genietsje ek fan lytse dingen!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

vrijdag 19 juni 2015

Broddelje en breidzje

Broddelje en breidzje


Myn tekken is no op 'e helte. 



It giet net sa hurd no, want ik bin dwaande mei it "útfinen" hoe 't ik der in pompeblêd yn breidzje kin. (Hjir kinst mear lêze oer myn tekken.)


Ik bin oan 't tekenjen, ik sjoch nei oare patroanen, fan in hert en fan in flinter, en ik besykje hoe 't it útfalt.


Hjir giet de rjochterkant te hurd omheech. Raffelje mar! En opnij begjinne fanselfs :-)


Dit fyn ik al in stik better!


It hiele pompeblêd sit deryn en hjir is it hiele "broddellapke" klear!


Ik tink dat ik de skeane banen yn'e hoeken noch wat grutter doch, in lyts bytsje. En ik sjoch no noch in "ferbetter-puntsje, no 't ik de foto sjoch. Ik kin no al wer fjirder mei de tekken. En der komt in pompeblêd yn!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

dinsdag 2 juni 2015

Fryske foarleswike

Fryske foarleswike


Juster hearde ik op de radio dat it dizze wike Fryske foarleswike is. Hjir kinst der wat mear oer lêze. 

Foarlêze fûn ik altyd machtich. Myn suske is sân jier jonger dan ik bin en har haw ik in soad foarlêzen en doe 't ik sels mem waard, bin ik der al gau mei begûn. No wennen wy doe yn Nieuwegein, "Nije Wille" om 't yn 't Frysk te hâlden. En it like der doe op dat we dêr bliuwe soenen. Myn man praat fan hús út net Frysk, al kin er him yn 't Bolswarders goed rêde, mar by praten derom Nederlânsk tsjin inoar. Dochs haw ik myn soan ek wolris yn 't Frysk foarlêzen.

Doe 't ús soan trije jier wie, binnen we ferhuze, nei Snits. Snits is ek net sa Frysk, mar doe binne der wol mear Fryske boeken kaam. En de moaisten giene oer Boltsje.

It earste diel hie ik in kear liend by de biblioteek. Neffens my wie dat yn 't Nederlânsk.  Yn 't Frysk binne de aventoeren fan Boltsje de Boer folle moaier. Yn 't Nederlânsk hie er ek in oare namme, mien ik, mar ik wit it net krekt mear.
Letter wie ik by in jûn der 't Lida Dykstra fertelde oer har boeken en der ek út foarlêsde.


Doe kocht ik "De suertsjeplysje" en Lida Dykstra skreau der wat yn:


Ik set it boek no yn ús eigen boekenkast, tusken de Fryske boeken. It earste boek hie ik ek graach yn 't Frysk ha wollen, mar it wie doe net mear te keap.
Lêze jimme ek Fryske boeken? Ik doch it net sa faak, mar as ik in Frysk boek lês, dan fyn ik dat moai, de wurden reitsje mear.


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 25 mei 2015

Stavering

Stavering


No, dat wie ek wat, ik wie mis! Doe't ik klear siet foar it grut diktee, wie de útslach op 'e tillevyzje. Miskien mar goed ek, want ik ha wol sjoen dat it dreech wie! Ik ha der al wer wat fan leard. Sa "ferfryske" ik it wurd blog, mar dat hoecht net, dat ha ik no sjoen:


Wûnderlike wurden sieten yn it diktee, "kidelhoarnige blogs", ik wit no noch net wat dat binne! En wat te tinken fan "wûpsty"! Ik brûk faak de "Wat wurd it" fan Praat mar Frysk, mar de wurden steane ek net yn dy list. Se sille net faak brûkt wurde.


It diktee gie oer de nije stavering. De hiele tekst mei útlis kinst hjir fine, by de Fryske Akademy. 

Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.