{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 14 februari 2014

Pompeblêd projekt (2): Frysk fûgeltsje

Pompeblêd projekt (2): Frysk fûgeltsje

Op moandei liet ik sjen dat ik dwaande wie mei it haken fan in fûgeltsje, in Frysk fûgeltsje nei it ûntwerp fan de "Earlybirdjes".
In hiel moai detail fan de fûgeltsjes fyn ik de wjukjes. Dat binne lytse hertsjes:



Myn Fryske fûgeltsje krijt fansels pompebledsjes as wjukjes:


Ik ha it oarspronklike patroan fan it wjukje fan it "Earlybirdje" wat oanpasse. En om 't it hjoed Falentynsdei is, skriuw ik hjir ek it patroan fan it hertsje. Dat haak ik it sa:
Begjin mei in magyske ring en haak dêr yn:
2 lossen, 3 dûbele stokjes, 3 stokjes, 1 losse, 1 dûbel stokje, 1 losse, 3 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen en slút ôf mei 1 heale fêste yn 'e ring. Lis in knoop yn de begjin- en eintried en mei dizze trieden kinst it fêstsette op it fûgeltsje. It kin ek oan in kaaihinger of soksawathinne fansels.

Foar in pompebledsje is it sa:
Begjin mei in magyske ring en haak dêr yn:
2 lossen, 3 dûbele stokjes, 7 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen en 1 heale fêste. 


As ik it goed besjoch is dit dochs wol itselfde pompeblêd dat ik earder op myn bloch hie. Dan is it lytse pompebledsje dat ik op it liifke borduert ha it twadde yn it projekt. Ik hie dat moandei ek al beskreaun: twa lytse ketlingstkjes tsjinelkoar oan.

Dit fûgeltsje is klear om út te fleanen!

Lêste nijs! Dit fûgeltsje is ynlevere yn 'e winkel fan Katrein Kunst, yn de Scharnestraat yn Snits. 

Groetnis fan It Nifelwyfke!

maandag 10 februari 2014

Fûgeltsjes

Fûgeltsjes


Hjoed skriuw ik wat oer de aksje "Earlybirdje",  dat soe yn it Frysk "betiid fûgeltsje" wêze kinne.
Ik fyn it in moaie aksje. It is in groep fotograven dy't foto's meitsje fan lytse berntsjes dy't fierstente betiid berne binne en in tiid yn in kûveuze bliuwe moatte. No wurde der ek noch "earlybirdjes" haakt en de fotograven nimme sa'n fûgeltsje mei foar dat lytse berntsje. It skynt dat sokken berntsjes graach de sturt fan sa'n fûgeltsje fêsthâlde. Dat docht tinken oan 'e nâlestring en se bliuwe dan fan de trieden fan 'e kûveuze ôf. 
Moai, fyn ik! 


Ik ha al in pear fûgeltsjes makke:

Dizze fûgeltsjes steane ek op myn oare blog.

Dizze twa fûgeltsjes binne yn de winkel fan Katrein Kunst, yn Snits. Dêr is in ynsammelplak foar de "Earlybirdjes".

En no meitsje ik in Fryske fariant! 



Mei twa kleuren tagelyk. It snafeltsje  haw ik no earst haakt en dêr haak ik direkt oan fêst:



Ik doch it sa dat de banen in bytsje skeef rinne, krekt as by de Fryske flagge:



De sturt is ek blau en wyt:



Lytse pompeblledsjes: no liket it al wat!



De Earlybirdjes krije wjukjes dy't op hertjes lykje. Dit fûgeltsje krijt fansels pompebledsjes! Mar dat lit ik in oare kear sjen. Dat is moai de twadde foar myn útdaging yn it pompeblêdprojekt! Eins de tredde, want sitte hjir no net leuke pompebledsjes op dit fûgeltsje? Mei twa lytse keatlingstekjes tsjinelkoar. 

Mear lêze oer de Earlybirdjes? Sjoch hjir. En de haakgroep sit op facebook, dat is hjir te finen.

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

vrijdag 7 februari 2014

Waarme truiedei

Waarme truiedei


Sa leuk, de berjochten dy't te lêzen binne op de facebook-side fan Praat mar Frysk! Sa wit ik dat it hjoed waarme truiedei is. Hjir is in link nei it berjochtsje mei dêryn in gedicht fan Mirjam van Houten, Beppe breidet. Prachtich!

Sels haw ik ek wol truien breide, mar dat doch ik net mear. It einresultaat falt my faaks tsjin. En dan sit der al in protte wurk yn! Ik breidzje noch wol truien foar poppen. Hjir binne in pear foarbylden:

Katrein, sjoch hjir foar mear oer dizze poppe 

Alies, sjoch hjir foar mear oer dizze poppe

Pippi, sjoch hjir foar mear oer har

Sokke projekten binne noch te oersjen. Ik breidzje op dit stuit in nije poppe, foar myn tantesizzer. En dizze poppe moat in trui ha mei rôze en pearse strepen. 

En hjoed moatte we allegear in waarme trui oan en de ferwaarming in graadsje leger sette! 

Groetnis fan It Nifelwyfke!

vrijdag 31 januari 2014

Pompeblêd projekt (1)

Pompeblêd projekt (1)


Ferline jier haw ik in patroantsje sjen litten fan in lyts pompeblêd. It liket my wol in moai projekt om dit jier mear Fryske patroanen sjen te litten en ik begjin dan mar mei in fariaasje op dat pompeblêd út myn earste Fryske bloch, sjoch hjir. 

Mei twa fan dizze pompeblêden kinst in kaaihinger meitsje. Dan haakst de beide blêden mei fêsten oaninoar en oan de boppekant makkest mei 30 lossen in luske, dêrmei kinst it oan 'e kaai hingje, of oan in tas of soksawathinne!


It earste pompeblêd stiet der op! Soe it slagje om eltse moanne in nij patroan te finen of te betinken? Dat is in útdaging!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

donderdag 23 januari 2014

Spul

Spul

It wol noch net winterje. In alvestêdetocht liket noch fier. Myn broer is lid fan de feriening. Hy hat sels foar dit jier in startkaart. Hy hopet der fansels op dat hy it meimeitje sil, sels ride. Ik fyn reedriden wol leuk, mar fan my hoecht it net sa fier. Ik doch oan pronkriden (sjoch hjir foar de facebook-side!)

Thús hiene wy it spul "AlveStêddetocht".





 In twatalich spul, mei "SKRIK"-kaartsjes en kaartsjes mei foarspoed ("Jo hawwe de guit wer", "jo krije in kop poeijer") en tsjinslach ("Reed stikken", "biferzen teannen"). Ja, dit spul giet oer de alvestêdetocht op redens. In moai spul, fûn ik altiten. 






Dizze wike wie ik yn 'e Dorcaswinkel yn Snits en dêr lei it! Foar ien euro! Ik ha it gelyk meinaam! No haw ik it sels! Dan kin myn broer skielk dat spul fan ús Heit en Mem wol krije. Of soe myn suske it ek hawwe wolle? Ik makket mei net mear út: ik haw it! En foar sa 'n moai prsyke. Ek noch foar it goede doel. Dêr mei ik wol oer!



Soe der noch winter komme? Ik kin in alvestêdetocht dwaan as ik der nocht oan ha!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

zaterdag 18 januari 2014

Samar in ferhaal

Samar in ferhaal


Och heden, jannewaris is al wer oer de helte en ik ha noch net in fatsoenlik blochje skreaun!

No is it sa dat ik al in tiid mear yn it Frysk skriuwe wol en ik ha alris dwaande west mei wat ferhaaltsjes. Ik fyn it spannend, mar hjoed set ik sa'n ferhaaltsje op myn bloch.





Kofje by de Hema

“Do kofje?”
“Cappuccino. En ik wol ek wat lekkers derby!”
De kar is gau makke. Wat letter skoot Afke mei in blêd mei kofje, cappuccino en twa brownies bij Lys oan tafel. Dy hat har ûnderwilens noflik ynstalleare, har tassen en jas op’e stoel njonken har.
“No fierder fertelle”, seit Afke, wilens se in swietmakkerke troch har kofje riert.
En Lys giet fierder met it ferhaal oer har soan. Dy hie een feestje hân by Jim, dy syn heit en mem ha in Sjineesk restautrant. De jongens soene earst te swimmen en de heit fan Jim hie harren ôfsetten by it swembad. Doe die bliken dat it swimbad al gau ticht gie en amper trije kertier letter wie dat part fan it feest al foarby. De jongens besletten om mar werom te rinnen en wiene sa troch de stêd wer nei it restaurant gien, op sneontemiddei. Hiene se ek sin oan wat, hie Jim frege en hy hie nei de keuken skille en wat letter kamen de skalen patat en oare snacks en fleskes fris boppe. It wie it moaiste feest oait. Prachtig fansels, sa sûnder grutte minsken, lekker snacke en cola drinke.
“En wy ús altiten mar drok meitsje mei skema’s mei spultsjes en ferantwurde hapkes”, suchtet Afke.
Ynienen skrikt Lys op. “Ferdoary, it is al tsien foar tolven! We moatte fuort! Aanst stiet Doutzen my te sykjen by skoalle!” Yn minder dan gjin tiid springe se op’e fyts. En noch earder rinne se wer mei de fyts oan’e hán, want dêr, oan’t ein fan’e Oosterdijk, steane twa plysjemannen wat te praten. Soene se it sjoen ha?
“Goeie, dames! Meie wy jimme identiteitsbewizen ris even sjen?”
Afke mient earst noch dat it wol wat meifalle sil, mar Lys fielt it wol, dit wurdt in fikse bekeuring. “Ferdomme. Wat giet dit grapke kostjen?”
“Fjirtich euro, mefrou”. Alle wichtiche saken wurde oernommen. Der moat no hielendal goed oanfytst wurde, want oars is Doutzen aanst hielendal yn panyk!

woensdag 1 januari 2014

Folle lok

Folle lok

Hjoed begjint in nij jier: 2014!
2014 leit foar ús, tolve moannen mei 365 dagen! 

Graach wol ik elkenien folle lok en seine tawinskje: meitsje wat moais fan 2014!

Ik ha myn wylde breiwurk oanpasse:

Wolst witte hoe 't dit der earst útseach? Sjoch hjir! En dêrnei wie it sa! 


Yn 2013 bin ik begûn mei dizze Fryske bloch. Ik ha fyftjin stikjes skreaun. Yn 't lêst fan 2013 ha ik de webside praatmarfrysk.nl ûntdútsen. Ik skreau hjir al oer yn dizze bloch. Praat mar Frysk is ek aktyf op facebook. Ik ha fansels fuort en daliks it knopke "vind ik leuk" oanklikt: sa krij ik wat mear Frysk te sjen en te lêzen! 

Myn foarnimmen foar 2014 is om mear Fryske blochs te skriuwen. Ik tink oan blochs dy 't oer hantwurkjen gean en ek oan "Mei 'k wol oer!"-blochs. Dat fyn ik in prachtige fynst fan Praat mar Frysk! (De lêste bloch fan 2013 wie in "Mei 'k wol oer!"-bloch.)


No noch sjen of dit slagget!

Groetnis fan it Nifelwyfke!