{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zaterdag 6 september 2014

Pompebled-projekt yn septimber

Pompeblêd-projekt yn septimber


De opkikker-potsjes brochten my in nij idee. En op 'e bloch fan Hilde hie ik earder alris wat sjoen dat noch yn myn holle siet. Se makke in Fryske tas, kinst it hjir sjen. 

It is mei de Fryske flagge sa: de strepen rinne skeef. Mar dat haakt net sa maklik en ik fûn dat Hilde in hiel aardiche oplossing fûn hie. En mei dat idee haakte ik ek in rjocht lapke blau mei wite streepkes  yn heale stokjes en 7 pompeblêdsjes.


Noch wat keal, ik ha der noch in rântsje mei fêsten omhinne haakt:


Hmmm, dat soe ek as pannelappe kinne.... Mar ik hie wat oars yn 'e holle, it moast oer in potsje:


It is my noch net nei it sin. Ik leau dat it better útfalt as pannelappe. Ik moat der noch mar ris mei oan 'e gong! It is wat oan de folle kant.

 
As it foar een grutter pot wie, soe it miskien ek better wêze, al soe it lapke dan ek grutter moatte. Wol leuk, dan kinne der moai Fryske dúmkes yn!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

4 opmerkingen:

  1. No folgje ik dy hjirre ek, myn Frysk is net perfect hjer :) Ja, dizze is ek leuk as pannelap.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Dat fyn ik leuk! Ik ha sels altyd in soad oan praatmarfrysk.nl!

      Verwijderen
  2. Pompeblêden fan fyn jern bygelyks DMC-jern?
    Bin wol nijsgjierrich hoe as dit wurde sil.
    groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Dat is miskien wol in goed idee, Wiepkje. Ik wit it noch net.

      Verwijderen