{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

dinsdag 25 maart 2014

Ik mei net oer it resultaat

Ik mei net oer it resultaat


Yn myn lêste bloch liet ik in breiwurkje sjen dat ik noch opfolje soe. Dat haw ik wilens dien.


It falt my oe sa tsjin! Ik mei der net oer! It model is al net goed. 
It pompeblêd is noch wol aardich, al soe it fêst moaier wêze as it net dwersoer breide wie.


Hjir is it pompeblêd op in tekening. Miskien is dit noch wol te brûken!

telpatroantsje makke troch It Nifelwyfke

Groetnis fan It Nifelwyfke!

woensdag 19 maart 2014

Opromje

Opromje


"Der moat wat oars foar dy "sidetable"", sei myn man. Dy stie yn ús sliepkeamer, en ik moat tajaan, it wie foaral in plak wer alles samar dellein waard, in grutte stofboel. 

Ik bin no oan it opromjen. Dy tafel stiet no yn myn hobbykeamer. In kast fan dêr stiet no yn de sliepkeamer. Fan alles krijt in nij plak en dat kin ek yn in tas wêze foar de Dorcaswinkel. Of yn 'e kontainer.... En ik fyn ek guod en spul werom dat kwyt wie.

Sa kaam ik ek noch wat tsjin mei pompebledsjes:


In eksperiment fan in pear jier lyn. It idee wie om in Fryske bal te breidzjen op 'e wize fan Arne & Carlos. Ik seach it doe net mear goed kommen, tink ik. It krijt in nije kâns, ik sil de bal opfolje. Miskien is it dochs wol wat!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

zaterdag 1 maart 2014

Frysk haakwurk

Frysk haakwurk


It wie wylst ik oan it pronkriden wie, dat ik it betocht. Bij it pronkriden moatte je "hingje", skeef hingje, en dat doar ik net. Ik doch ferskriklik myn bêst, mar it sit tusken myn earen, tink ik. Ik tink miskien wol te folle! Ynienen betocht ik ek hoe't ik in Frysk gelokspopke hake koe. En ik makke dit popke:


Myn Mem hat har krigen, mei in pompebledsje deroan.


Troch dit popke kaam it dan wer dat der ek in Frysk earlybirdje út myn haakpinne. 

No woe ik sels ek sa 'n popke oan myn tas ha. Mar myn eigen is hiel oars! De strepen "hingje" nei de oare side en de pompebledsjes lykje lang sa moai net.....



Ik moat noch mar ris op 'e nij besykje, mar earst fyn ik dit foar my sels wol goed genôch! It popke is in fariaasje op it patroan "mini-geluk" dat ik makke ha. 
En hjoed en nije wike noch ris besykje om te "hingjen" by it pronkriden! It seizoen is hast ôfrûn! Sjoch hjir foar de Pronkriders op facebook!

Groetnis fan It Nifelwyfke

vrijdag 14 februari 2014

Pompeblêd projekt (2): Frysk fûgeltsje

Pompeblêd projekt (2): Frysk fûgeltsje

Op moandei liet ik sjen dat ik dwaande wie mei it haken fan in fûgeltsje, in Frysk fûgeltsje nei it ûntwerp fan de "Earlybirdjes".
In hiel moai detail fan de fûgeltsjes fyn ik de wjukjes. Dat binne lytse hertsjes:



Myn Fryske fûgeltsje krijt fansels pompebledsjes as wjukjes:


Ik ha it oarspronklike patroan fan it wjukje fan it "Earlybirdje" wat oanpasse. En om 't it hjoed Falentynsdei is, skriuw ik hjir ek it patroan fan it hertsje. Dat haak ik it sa:
Begjin mei in magyske ring en haak dêr yn:
2 lossen, 3 dûbele stokjes, 3 stokjes, 1 losse, 1 dûbel stokje, 1 losse, 3 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen en slút ôf mei 1 heale fêste yn 'e ring. Lis in knoop yn de begjin- en eintried en mei dizze trieden kinst it fêstsette op it fûgeltsje. It kin ek oan in kaaihinger of soksawathinne fansels.

Foar in pompebledsje is it sa:
Begjin mei in magyske ring en haak dêr yn:
2 lossen, 3 dûbele stokjes, 7 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen en 1 heale fêste. 


As ik it goed besjoch is dit dochs wol itselfde pompeblêd dat ik earder op myn bloch hie. Dan is it lytse pompebledsje dat ik op it liifke borduert ha it twadde yn it projekt. Ik hie dat moandei ek al beskreaun: twa lytse ketlingstkjes tsjinelkoar oan.

Dit fûgeltsje is klear om út te fleanen!

Lêste nijs! Dit fûgeltsje is ynlevere yn 'e winkel fan Katrein Kunst, yn de Scharnestraat yn Snits. 

Groetnis fan It Nifelwyfke!

maandag 10 februari 2014

Fûgeltsjes

Fûgeltsjes


Hjoed skriuw ik wat oer de aksje "Earlybirdje",  dat soe yn it Frysk "betiid fûgeltsje" wêze kinne.
Ik fyn it in moaie aksje. It is in groep fotograven dy't foto's meitsje fan lytse berntsjes dy't fierstente betiid berne binne en in tiid yn in kûveuze bliuwe moatte. No wurde der ek noch "earlybirdjes" haakt en de fotograven nimme sa'n fûgeltsje mei foar dat lytse berntsje. It skynt dat sokken berntsjes graach de sturt fan sa'n fûgeltsje fêsthâlde. Dat docht tinken oan 'e nâlestring en se bliuwe dan fan de trieden fan 'e kûveuze ôf. 
Moai, fyn ik! 


Ik ha al in pear fûgeltsjes makke:

Dizze fûgeltsjes steane ek op myn oare blog.

Dizze twa fûgeltsjes binne yn de winkel fan Katrein Kunst, yn Snits. Dêr is in ynsammelplak foar de "Earlybirdjes".

En no meitsje ik in Fryske fariant! 



Mei twa kleuren tagelyk. It snafeltsje  haw ik no earst haakt en dêr haak ik direkt oan fêst:



Ik doch it sa dat de banen in bytsje skeef rinne, krekt as by de Fryske flagge:



De sturt is ek blau en wyt:



Lytse pompeblledsjes: no liket it al wat!



De Earlybirdjes krije wjukjes dy't op hertjes lykje. Dit fûgeltsje krijt fansels pompebledsjes! Mar dat lit ik in oare kear sjen. Dat is moai de twadde foar myn útdaging yn it pompeblêdprojekt! Eins de tredde, want sitte hjir no net leuke pompebledsjes op dit fûgeltsje? Mei twa lytse keatlingstekjes tsjinelkoar. 

Mear lêze oer de Earlybirdjes? Sjoch hjir. En de haakgroep sit op facebook, dat is hjir te finen.

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

vrijdag 7 februari 2014

Waarme truiedei

Waarme truiedei


Sa leuk, de berjochten dy't te lêzen binne op de facebook-side fan Praat mar Frysk! Sa wit ik dat it hjoed waarme truiedei is. Hjir is in link nei it berjochtsje mei dêryn in gedicht fan Mirjam van Houten, Beppe breidet. Prachtich!

Sels haw ik ek wol truien breide, mar dat doch ik net mear. It einresultaat falt my faaks tsjin. En dan sit der al in protte wurk yn! Ik breidzje noch wol truien foar poppen. Hjir binne in pear foarbylden:

Katrein, sjoch hjir foar mear oer dizze poppe 

Alies, sjoch hjir foar mear oer dizze poppe

Pippi, sjoch hjir foar mear oer har

Sokke projekten binne noch te oersjen. Ik breidzje op dit stuit in nije poppe, foar myn tantesizzer. En dizze poppe moat in trui ha mei rôze en pearse strepen. 

En hjoed moatte we allegear in waarme trui oan en de ferwaarming in graadsje leger sette! 

Groetnis fan It Nifelwyfke!

vrijdag 31 januari 2014

Pompeblêd projekt (1)

Pompeblêd projekt (1)


Ferline jier haw ik in patroantsje sjen litten fan in lyts pompeblêd. It liket my wol in moai projekt om dit jier mear Fryske patroanen sjen te litten en ik begjin dan mar mei in fariaasje op dat pompeblêd út myn earste Fryske bloch, sjoch hjir

Mei twa fan dizze pompeblêden kinst in kaaihinger meitsje. Dan haakst de beide blêden mei fêsten oaninoar en oan de boppekant makkest mei 30 lossen in luske, dêrmei kinst it oan 'e kaai hingje, of oan in tas of soksawathinne!


It earste pompeblêd stiet der op! Soe it slagje om eltse moanne in nij patroan te finen of te betinken? Dat is in útdaging!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)