{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

dinsdag 1 oktober 2013

Hjerst

Hjerst


Wat ha we in moaie simmer hân! En no is it hjerst. Yn 'e húskeamer fan Katrein Kunst binne we der al mei dwaande west, spinnen en bledsjes en soksawathinne. It wie wer tige gesellich by de workshop.

Op myn oare bog, fan De Breimeisjes wie it al te sjen, wat we dêr makke ha. En myn patroantsje fan de spin stie der ek al yn (it is hjir te finen). Dan doch ik hjir it spinreach! 

Begjin mei 6 lossen en meitsje der in rûntsje fan mei 1 heale fêste.
Fierder hake as yn in spiraal. 
Earst 6 lossen, dan ôfwikseljend  *1 dûbeld stokje, 2 lossen*, ûngefear 10 of 11 kear.
Dan giest nei de folgjende rûnte. Gean no oer op 4 lossen tusken de dûbele stokjes en set dy stokjes op 'e stokjes fan de rûnte dy't al klear is. 
Sa troch, eltse nije rûnte in pear lossen derby, sadat it plat bliuwt.

Ik tink datst op dizze wize ek wol in net foar de boadskippen meitsje kinst!


En dan kin der fanself noch wol in spin ynhingje:



Ik ha dizze reach foar it raam hingjen. Ik hoopje no dat it echte spinnen ôfskrikt!




Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

zaterdag 21 september 2013

Pronkride

Pronkride


Yn oktober begjint it riders-seizoen wer! Yn myn gefal: it Pronkridersseizoen! Witte jimme wol wat dat is, pronkride? Ik sil der wat fan sjen litte:



Wy ha it wol gauris mei inoar "oan 'e stok", sa as jimme sjen kinne! Mar it kin ek sûnder. Wy fan de Pronkriders ride op sneon fan 10.15 oant 11.45 oere op it iis fan Thialf yn It Hearrefean en de earste kear is op 12 oktober. 
Wa 't nocht hat, kin wol ris komme. In proefles is fergees!
Sjoch ek op facebook!

En mear ynformaasje oer dizze sport is te finen op dizze website: schoonrijden.nu!


Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

zondag 1 september 2013

Fryske freubel froulju


Fryske freubel froulju


De heechste tiid foar in nije Fryske blog! It is al wer septimber.

Op myn oare blog, debreimeisjes, hie ik in "give-away", in wei-jouwer, is dat in aardiche Fryske oersetting? Ien fan 'e reaksjes wie fan Elise. Elise hat ek in blog, Gewoon Elise, en se is dwaande mei it organisearjes fan in moetingsdei foar blog-froulju en -manlju. Moai plan, fansels! En by reaksjes seach ik dat der ek in blog is fan Fryske freubel froulju! En dat is: fryskefreubelfroulje.blogspot.nl.
Krekt wat foar it Nifelwyfke!

De fakansjetiid is nog foarby. Bern nei skoalle, de minsken wer oant 't wurk. Ek wol wer goed fansels, al wie it wol hearlik, dat de klok net sa wichtich wie yn 'e ôfrûne wiken. 
Ik ha al drok dwaande west foar de earste workshop fan dit seizoen. 

No bin ik oan it sjen of 't ik noch wat hannel ha foar de ferkeap tidens it 2015festival, op 7 septimber yn Drylts. "De Breimeisjes" sille ek helpe, in part fan 'e middei helpe we mei bij de ferkeap fan selsmakke guod.
Hartsjes

Blomkes

No mar hoopje dat der in protte minsken komme yn Drylts, op 7 septimber! De tagong is fergees, en der is fan alles te keap, te sjen en te dwaan!

En dan noch wat:  it is safier! It is my slagge om de "gadget" folgers op myn blog te krijen! Oan't no ta bin ik self de iennichste folger, mar wa wit? Miskien folgje der guon!

No bin ik oan 't prakkesearjen: wat is in goed en geef Frysk wurd foar "gadget"?

Wat grappich! Ik hie dit ferhaal al makke op 28 augustus, it is op dit stuit 31 augustus en it is noch net publisearre en no is der al in folger bij! Tige wolkom! 
Groetnis fan it Nifelwyfke!

donderdag 1 augustus 2013

Rommelmerk

Rommelmerk 


It wie rommelmerk en dêr mei ik graach hinne. Ik bin net sa'n besiker dy't moarns al in heal oere foar de doarren iepen gean klear stiet. Ik bin der faaks wat letter. It moaiste is dan fêst al fuort, mar dizze kear ha ik wier moai guod fûn! 

In weeftou!

Twa doazen mei letterstimpels!

Moaie boeken!

In glêzen stolp!

In prachtich ingeltsje!


Foar dit alles ha ik mar in pear euro betelle. Ik bin der hiel wiis mei! Ik moat noch ris útsykje hoe 't ik it weeftou opspanne moat, yn'e boeken kin ik wer hiel wat fine om te nifeljen en ik ha al oan't stimpeljen west.

Myn man wie minder wiis mei myn oankeapen. Ik wie dy wike krekt sa goed oan't opromjen en hie aardich wat guod fuort dien.... En wat moatte we no mei sa'n stolp?
No, sjoch:



Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

maandag 1 juli 2013

Weijaan

Weijaan


Yn bloglân ha se it wol ris oer in "give away", en dan giet it oer in kadootsje, in aardichheidsje. Ik ha noch in blog, yn 't Nederlânsk en dêr sil ik ek wat weijaan. Ik doch dat om 't ik al oer de fyftich folchers ha en al 150 blogs skreaun ha! Yn dizze Fryske blog giet dat net sa hurd. Ik skriuw ommers mar ien Fryske blog yn 'e moanne..... 

No meitsje ik dizze kear reklame foar de "jou wei" fan De Breimeisjes! Der binne twa pakketten, twa kânsen! Yn 't iene sit in boekje en yn 't oare komt in hoes foar in fytssadel, dat ha ik sels makke. 





Mear ynformaasje is hjir te lêzen. Doch ek mei en lit dêr in réaksje efter! Dan sil ik ris "stinne" oer in Fryske "wei-jouwer".

Ik winskje elstenien in moaie simmer ta! 

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

zondag 2 juni 2013

Krudkoeke

Krûdkoeke

Dizze moanne gjin patroantsje fan it Nifelwyfke. Dizze kear in resept, fan krûdkoeke fan myn Beppe, in famyljeresept.
Ik ha efkes sjoen yn it wurdboek en dêr stiet "krûd", wylst wy it thús as krúd sizze, mar ik besykje fansels sa geef mooglik Frysk te skriuwen. Sadwaande:

"Krûdkoeke fan Beppe"

Nedich:
- 500 gram selsrizend bakmoal
- 500 gram brúne basterdsûker
- 0,375 liter wetter
- wat koekekrûden
(Ús Beppe die der ek faak wat bakpoeier yn, mar dat doch ik sels noait)

Dit kin allegearre yn in kom of skaal en dan moat it mei help fan in mikser goed troch inoar mikst wurde. 
Dan kin it yn in bakfoarm, mar die moatte je earst wol goed ynfetsje en dan nog mei panearmoal besruie. Oars komt de koeke letter net goed út de foarm.
De ûne moat op sa'n 170 á 180 graden en dan kin de koeke yn'e ûne. Nei in oere mei in stokje of in breipriem (dochs noch wat fan it nifelwyfke!) besykje of de koeke gear is. By my is it faaks nei in oere en tsien minuten safier.



Ik ha letter heard dat Beppe der ek noch wol ris in aai troch kloppe, om de koeke wat lichter te meitsjen. Je kinne der ek rezinen of núten of sa troch dwaan en ik ha ek al fan immen heard die der sûkelade troch die! Mar eins fine wy dizze koeke sa, sûnder al die ekstra's, it lekkerst! Doch mar gewoan!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

maandag 6 mei 2013

Mem de leafste

Mem de leafste


Yn maaie is it memmedei. Tsjintwurdich is dat tige kommersjeel. Yn'e folders steane al tiden allegear ideetsjes fan rûkersguod oant djoere apparaten. Dat fyn ik sels net sa nedich. Ik jow faaks wol wat, in blomke of in doaske bonbons. 

Ik fyn "madeliefjes" sa leuk, sa'n moaie namme: ma-de-liefjes voor ma de liefste! Yn it Frysk is de namme "koweblomke". Tsja...... it blomke is moai, mar yn dit gefal jow ik de foarkar oan de Hollânske namme! Kinne we dat net oersette nei "leave-memkes"?

Ik fûn in hiel aardich patroantsje fan dizze blomkes, hjir. En makke in slinger:


En noch ien, mei de pompeblêdsjes (earder op myn blog) derby en ek noch wat klaver fjouwer (in fariaasje op dit patroantsje):


De blomkes kinne oan in moai triedsje of lintsje knope wurde. Ek leuk is om mei grien de blomkes oan in ketting te haken. Gewoan lossen hake en dan mei in fêste it blomke fêst hake, sa'n trije lossen en dan noch ien fêste oan itselde blomke, dan bliuwt it goed hingjen en draait it net sa.


Dit "nifelwyfke" is ek "breimeisje" en ik doch mei in freondinne workshops by Katrein Kunst yn Snits. Yn maaie ha we dizze patroantsjes brûkt. We besykje eltse kear wat tapasliks (nuver wurd!) te dwaan! Mear ynformaasje en opjaan kin by Katrein Kunst!

Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)