vrijdag 5 januari 2018

In Fryske sjaal

In Fryske sjaal


Yn novimber krige ik de fraach fan Friesland Post: "wolst in Fryske sjaal foar ús betinke?"
Fuortendaliks hippele der in idé by my binnen! 
Wa't myn oare blog folget, wit dat ik graach breidzje en dat ik it "schaduwbreien" my tige oansprekt. Yn 't Frysk soe it "skaadbreidzjen" wêze of miskien "yllúsjebreidsjen" nei de Ingelske term "illusion knitting". 

Yn elts gefal, hjir is de sjaal dy't ik makke ha:


Der wurde streepkes breide en út in bepaalde hoeke sjochst pompeblêden!
En dit patroan is te finen yn it earste nûmer fan 2018 fan de Friesland Post:


De sjaal stiet al foarop! 


Op myn oare blog, De Breimeisjes, hast kâns op in Friesland Post, sjoch hjir en lit dêr dan ek in réaksje efter! 

Earder makke ik al in mûtse foar Friesland Post, de #musthawwe.


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 1 januari 2018

2018!

2018!



2017 is foarby, no is 't tiid foar 2018!

Folle lok en seine tawinske!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

zondag 31 december 2017

Aldjiersdei 2017

Aldjiersdei 2017


Op dizze lêste dei fan it jier dochs noch in berjocht fan it Nifelwyfke!

It wie in moai jier en it begûn mei de #musthawwe, de mûtse dy't ik betocht foar Friesland Post.


Dit jier wie ik ek "drok" mei "De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld". Eltse moanne gean ik nei de biblioteek yn Snits en dan hake we dêr mei in mear froulje, tige gesellich! Ik ha sels no ien tekken makke (sjoch hjir) en bin dwaande mei in twadde. 
Ik betocht ek tekkens en der wie ek in Fryske tekken by, dat kinst hjir sjen. En sa'n tekken is no makke troch de Nifelclub fan Skearnegoutum!


Hjir haw ik neat oan haakt, mar ik bin der wol grutsk op!

Dit jier haw ik net safolle skreaun op dizze Fryske blog, wol hiel folle op de myn breimeisjes-blog. Dêr is hjoed ek in oersjoch te finen.

Wat bringt 2018? We sille sjen! Yn elts gefal stiet der wer in patroan yn it earste nûmer fan Friesland Post! Dizze kear in Fryske sjaal!



Breidzje jimme ek in moai ein oan dit jier?
In 2018 nim ik de triid wer op! Graach oant sjen!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 7 augustus 2017

Feest yn Snits

Feest yn Snits


It is "Sneekweek"! It is ôfrûne freed al begûn en it duorret ditzze wike noch. Hjir is it hiele programma te finen.

Woansdei is de Hurdsyldei-Bradery en dêr mei ik sels graach hinne gean. Dizze kear komt ek de "Haak-maar-aan-caravan", fan it projekt "De grutste haakte tekken fan de wrâld". Dêr haak ik sels ek oan mei, mar dat lit ik foaral sjen op myn oare blog, fan De Breimeisjes, kinst myn blogs oar dit projekt fine ûnder it label "Haak-maar-aan".
Miskien wurdt der dy dei wol in Snitser tekken haakt!


Of in Fryske? Op de plakken fan de reade fjouwerkantsjes moat dan fansels in pompeblêd komme, ik soe sizze nei dit patroan.



Myn doel is om woansdei ek in tiidsje oan te haken by de karavan. ûndertusken haak ik thús troch oan myn tekken:



Ik moat op dit stuit noch sa'n 65 fjouwerkantsjes hake oant dizze tekken klear is. Alteast... ik moat it dan noch al goed opmjitte. Miskien moat der noch in râne omhinne. 

In moaie Sneekweek winske en miskien oant sjen op de bradery!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


maandag 19 juni 2017

De grutste haakte tekken fan de wrâld

De grutste haakte tekken fan de wrâld


Yn 2018 is Ljouwert de Kulturiele haadstêd. In grut tema is "mienskip" en derby ha wat froulju wat moais betocht: de grutste haakte tekken fan de wrâld. Der binnen hiel wat minksen dy't hjir by oan "hake". Net allinne yn Fryslân en sels net allinne yn Nederlân, oer de hiele wrâld! Bysûnder fyn ik dat.

Ik haak sels oan yn 'e biblioteek yn Snits, in kear yn 'e moanne komme der minksen om meionoar te haken oan tekkens. ôfrûne wike wiene we der wer. No is der in simmerstop, mar op 14 septimber geane we wer oan 'e haak. En we hake thús troch.

Dit is de tekken dy't ik meitsje:


De tekken is hjir 13 x 14 granny's grut. Der moatte noch 7 rigen by.

Ik ha ek in Fryske tekken betocht:


 Op it plak fan de reade fjouwerkantsjes moatte pompeblêden komme. Dat kin moai net it patroan fan de ûndersetters, dat hjir op dizze blog te finen is. 
Ik leau dat der al in pear minsken mei sa'n tekken dwaande binne. Ik bin benijd!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

dinsdag 6 juni 2017

Fryske ûle

Fryske ûle


Sa ien kear yn'e moanne haak ik oan yn de biblioteek yn Snits. Mei oare froulju. We hake dan oan de grutste haakte tekken fan'e wrâld. Ûndertusken drinke we kofje/té, nimme wat lekkers en fansels wurd der hiel wat praten, oer fan alles!

Ik hie in kear in foto sjen litten fan in Frysk ûltsje dat ik haakt hie, kinst it hjir sjen.
No frege ien fan de froulju oft ik noch ien meitsje woe, mar dan in grutten. Se woe sa'n ûle jaan as presintsje foar in poppe dy't koartlyn berne wie.

Dat woe ik wol besykje.

Ik wie der al gau achter dat ik it op de "mochilla-wize hake moast.




It koste wol wat tiid fansels, en ik hie gjin patroan. Doe't myn blaue jern hast op wie bin ik ophâlden. 


Ik hie noch in lyts ûltsje en dy hie ik der by as foarbyld. Se mochten tegearre op 'e foto. 




De grutte ûle krige ek klaukes om op te stean.


Noch efkes wat tichterby:


De wjukken fan de ûle binne nei dit patroan.



















It wie goed nei't sin, dizze ûle is ferhuze. Goeie! Oant sjen!


Dizze ûle is hjoed ek poppenijs by De Breimeisjes.


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

maandag 15 mei 2017

De kol is klear!

De Kol is klear!


Ja hear, de kol is klear!


No wie plan A dat it in sjaaltsje wurde soe, mar doe 't it earste boltsje jern op wie,


hie ik in lingte fan krapoan 55 sintimeter...
Mar dat ik krekt genôch foar in kol!


It twadde boltsje haw ik ek rap ophaakt en ik ha it mei in slach deryn oan elkoar fêst haakt.


Ik bin  wiis mei myn Friezen-kol!


De stek haw ik in dizze blog útlein.


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!