{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

donderdag 1 oktober 2015

In nij idee

In nij idee


Der wurdt de lêste tiid net sa'n soad nifele troch it Nifelfwyfke. As Breimeisje giet it tige bêst, mar de Fryske ideeën komme net sa faak op. 
Ynienen kaam der dochs wat by my binnen :-)

It kaam sa: ik woe in presintsje meitsje foar de gastfrou fan in feestje en ik tocht ik doch in moaie pot en haak wat om it lid. Ik woe wol wat mei pompeblêden. Dat haw ik al ris earder besocht, mar dat wie doe net slagge.

No gie it better nei myn sin:


Sa is it mei deiljocht:


Ik ha myn prototype mei dûbelsidich plakbân op it lid plakt.


En de pot sit fol mei pipernuten! Dat passet goed by de gastfrou, nim dat fan my oan :-)


Ik ha foto's fan alle tuskenstappen en sil it patroan meikoarten útwurkje.



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

4 opmerkingen:

  1. Geweldich, dizze pipernutenpot. Kin ek wol foar pipermuntsjes, as us memkes(de kowedropkes). Mei ik dit neimeitsje?

    groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ja, der kin fansels fan alles yn de pot :-)
      En jawis, meist it neimeitsje! Ik bin benijd of it slagget.
      Ik wol it patroan ek útwurkje en sil it dan ek yn de blog sette.

      Verwijderen