{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 14 februari 2014

Pompeblêd projekt (2): Frysk fûgeltsje

Pompeblêd projekt (2): Frysk fûgeltsje

Op moandei liet ik sjen dat ik dwaande wie mei it haken fan in fûgeltsje, in Frysk fûgeltsje nei it ûntwerp fan de "Earlybirdjes".
In hiel moai detail fan de fûgeltsjes fyn ik de wjukjes. Dat binne lytse hertsjes:



Myn Fryske fûgeltsje krijt fansels pompebledsjes as wjukjes:


Ik ha it oarspronklike patroan fan it wjukje fan it "Earlybirdje" wat oanpasse. En om 't it hjoed Falentynsdei is, skriuw ik hjir ek it patroan fan it hertsje. Dat haak ik it sa:
Begjin mei in magyske ring en haak dêr yn:
2 lossen, 3 dûbele stokjes, 3 stokjes, 1 losse, 1 dûbel stokje, 1 losse, 3 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen en slút ôf mei 1 heale fêste yn 'e ring. Lis in knoop yn de begjin- en eintried en mei dizze trieden kinst it fêstsette op it fûgeltsje. It kin ek oan in kaaihinger of soksawathinne fansels.

Foar in pompebledsje is it sa:
Begjin mei in magyske ring en haak dêr yn:
2 lossen, 3 dûbele stokjes, 7 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen en 1 heale fêste. 


As ik it goed besjoch is dit dochs wol itselfde pompeblêd dat ik earder op myn bloch hie. Dan is it lytse pompebledsje dat ik op it liifke borduert ha it twadde yn it projekt. Ik hie dat moandei ek al beskreaun: twa lytse ketlingstkjes tsjinelkoar oan.

Dit fûgeltsje is klear om út te fleanen!

Lêste nijs! Dit fûgeltsje is ynlevere yn 'e winkel fan Katrein Kunst, yn de Scharnestraat yn Snits. 

Groetnis fan It Nifelwyfke!

3 opmerkingen:

  1. Wat is dat en aardich eurlybirdje wurden.
    Ik fyn it en hiel aardich idee,
    en it sjocht der ek hiel profesjoneel út.
    Sels ha ik der ek ien makke,
    fan phildar katoen, it wie een leuk wurkje!
    groetjes Akke.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ja, it is in hiel aardich patroan! Kinst der alle kanten mei út!
      De fûgeltsjes kinne no ek bij Katrein Kunst yn Snits ynlevere wurde.

      Verwijderen
  2. REALLY cute! Visiting from Annemarie's blog!

    Sheila

    http://sheilazachariae.blogspot.com/2014/02/knit-socks-on-straight-needles-and.html

    BeantwoordenVerwijderen