{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zaterdag 14 mei 2016

Yn'e bak

Yn'e bak


Dizze moarn wie ik yn'e bak. No ja, yn café De Bak yn Ljouwert.


Op sneontemoarns wurdt dêr it radio-programma Op & Ut makke, fan Omrop Fryslân.


Hjoed wie myn oare helte, Ruben Korfmaker, gast oan tafel! 


It wie mar in koart petear, spitigernôch, oer it boek dat Ruben skreaun hat, Cantor. Douwe Heeringa wie lykwols tige entûsjast oer it boek en sil der moarn noch wat tiid oan bestede yn syn programma "Mei Douwe". It passet ek hiel goed yn dat programma omt musyk tige wichtich is yn it boek. 
 

It wie moai om mei te meitsjen, gesellich dêr yn De Bak, mei in bak kofje derby:


Hjir kinst it petear fan dizze moarn noch werom harkje. It is oan it ein fan it lêste oere.

Nije wike sneon is de presintaasje fan it boek, in'e biblioteek yn Snits, fan 15.00 - 16.00 oere. Tige wolkom!


Sjoch ek leescantor.nl en de facebookside.

#leescantor


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

woensdag 11 mei 2016

Memmedei

Memmedei


Foar ús Mem makke ik in kadootsje, foar Memmedei:


Op dit boardsje tekene ik hartsjes mei stiften foar op diggelguod. Ik boude dit gedichtsje om sadat it in "elfje" waard, is dat in alveke yn it Frysk?

Mem
grut foarbyld
in lústerjend ear
de alderleafste grutte skat
Memmedei

Selsmakke kadootsjes binne spesjaal. Myn soan makke foar my in bon: hy giet mei my in broadsje iten en hy betellet. Fyn ik hiel gesellich!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!