woensdag 4 juni 2014

Bleate fuotten

Bleate fuotten

Wat ha we al moai waar hân! Ek in soad wetter, mar wy sieten hjir in Fryslân noch net iens sa gek, wat it waar oanbelanget.

Hjoed haw ik in simmersk idee: bleate fuotten sandalen! De ynspiraasje komt troch de bloch fan Angeline, "mijn eigen plekkie", sjoch hjir. Dit wie krekt dat wat ik noch foar de workshop socht, dy't ôfrûne moandei wie, bij Katrein Kunst! Ik betocht in maklik patroantsje, dat kinst hjoed fine op de bloch fan De Breimeisjes:



Dit kin fansels ek mei in pompeblêd, wie myn folgjende gedachte. En sadwaande haw ik hjoed fuortendaliks ek it pompeblêd fan 'e moanne!





















It patroan fan it pompeblêd:
2 losse
toer 1: 8 fêsten yn 'e 2e losse fanôf de haakpin. Kear.
toer 2: 1 losse, yn eltse fêste 2 fêsten (16). Kear.
toer 3: 1 losse, yn de earste 3 stekken: elk 1 fêste; yn 'e 4e 2 fêsten, dan 8 x 1 fêste, 2 fêsten yn 'e folgjende stek, 3 x 1 fêste (18). Kear.
toer 4: 1 losse,  3 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 2 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 4 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 2 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 3 x 1 fêste (22). Kear.
toer 5: (gjin losse, earste stek oerslaan), begjin yn de twadde stek te haken, 4 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 10 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 4 x1 fêste, 1 heale fêste yn de lêste stek.

Haak dan troch op it stikje tusken de boppenste boochjes,  earst 2 fêsten, dan 2 x 1 fêste (earste boochje) en wer 2 x 1 fêste en 2 fêsten (yn ien stek, twadde boochje) (earste foto). Dernei kreas ôfhechtsje (twadde foto, de trieden hingje der noch oan, want dêrmei kinst it op it "sandaaltjse" fêst sette. 

Foar dit "sandaaltsje" haw ik 18 lossen ta in rûntsje haakt mei 1 heale fêste. Dat is foar om de tean en kin ek grutter of lytser. Derop haw ik in soart fan bantsje haakt fan 3 stokjes breed.
Dat hinget fan de foet ôf, hoe lang soks moat. 
Der boppe twa slierten fan sa'n 100 lossen. 



Oan myn slierten hingje ek noch lytse pompeblêdsjes (dit patroan):



Fansels sjocht dit der folle better út op moaie jonge bleate fuotten mei prachtich lakte neils....
Mar by gebrek oan sa'n model binne it myn eigen bleate fuotten. Je moatte wat!
Mar neffens myn soan moat ik der sels mar net mear mei it strân op.

Wat de workshops oanbelanget: we ha simmerfakânsje! Op 25 augustus begjinne we wer!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

4 opmerkingen:

  1. knap bedacht hoor, die pompeblêdsjes als bleate fuotten patroontje.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik snap maar de helft van wat je hier schrijft ( fries is niet mijn sterkste kant), maar ik vind de pompeblaadjes (goed vertaald?) heel leuk. Volgens mij zeg je dat het vooral voor jonge meiden is, maar ik heb net een bestelling van mijn zus die is toch niet meer piepjong met 40+. Wie weet staan ze ook sexy op rollatorleeftijd voeten? Ha, ha ik hou het toch op haken voor anderen....

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Je hebt het aardig vertaald, Jacq, volgens mij komen ze beter uit om mooie jonge blote voeten met prachtig gelakte nagels, maar bij gebrek aan zo'n model zijn het mijn eigen blote voeten. Je moet wat! Maar volgens zoon moet ik zelf maar niet zo het strand op :-)

      Verwijderen