{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 12 februari 2016

Breidzjen

Breidzjen


Yn it Frysk Museum is op 't heden in tentoanstelling oer Breidzjen. Mei myn freondinne bin ik der al twa kear west as "brei-williger". It wie geweldich! De tentoanstelling is ek in echte oanrieder.



Hjoed hearde ik op Omrop Fryslân in "kollum", fan Nynke Sietsma, oer it breidzjen. Wa't dit net heard had, kin 'm hjir noch lêze!

Noflik wykein!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

vrijdag 29 januari 2016

Plannen meitsje

Plannen meitsje


No ha'k sa'n moai idee, en dan soe ik de kommende moannen wol wat te fertellen hawwe, hjir op 't blog fan 't Nifelwyfke.... mar it  hat tiid nedich!

Der moat earst rekkene wurde, en breide en tekene... 

En no bin ik myn eigen Fryske wyfke ferlern! Se hat sa'n twa jier oan myn tas hongen, kin ik sjen troch dizze blog, mar no is se fuort...


Earst mar ris in nij Frysk wyfke hake!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 



donderdag 7 januari 2016

Wat de wei-jouwer wie

Wat de wei-jouwer wie


Yn 2015 wie de earste echte wei-jouwer fan It Nifelwyfke en omt der twa lêzers wiene dy't reagearren, fûn ik dat ik se beide wol wat stjoere koe.

Ik hie dit Fryske famke tasein:
 

No moatst der noch wat makke wurde en dat is in Frysk jonkje wurden:


Ik ha 'm in "beanie" op'e holle setten, soe dat yn it Frysk in beantsje hite? :-)
Hjir is in beantsje fan'e sydkant te sjen:


Fansels die ik der in pompeblêdsje by en wat tee, "românse-by-de-waarme-kachel-tee", in winterske smaak. En in kaart, in Fryske, dy hie ik al sjen litten, hjir.

It Fryske famke is nei Hilde gien, dy't oarspronklik út Drachten komt en in Fryske jonkje stjoerde ik nei Noortje. Se hie my skreaun dat se mei in Fryske man troud is. 



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


vrijdag 1 januari 2016

2016

2016


It is al begûn: 2016!



In jier mei 366 dagen. Alle dagen kinst der wer in goede dei fan meitsje.

In goed 2016 tawinske!


Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.

donderdag 31 december 2015

2015/2016

2015/2016


Hjoed de lêste dei fan it jier 2015, moarn de earste dei fan 2016.
Dit is de 28 ste blog fan It Nifelwyfke fan dit jier én het is ek nûmer 75. Dit jier kaam it oantal kearen dat der ien seach op dizze blog oer de 10.000. Dit jier hie ik foar it earst in lytse wei-jouwer, juster haw ik it ferstjoerd. Miskien komt it hjoed oan en oars yn it nije jier!

Dizze kaart fan Wize Wurden fûn ik yn'e winkel, Sterk&sVeer, ik fyn 'm moai: in hiel nij jier dat foar ús leit! We moatte der sels wer wat fan meitsje.


Ik winske jimme in goed jier ta!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

donderdag 24 december 2015

Kultuer en kado

Kultuer en kado


Tsien dagen lyn skreau ik hjir oer dat ik sa bliid bin mei myn tsiende folger. No ha't der ek al mear as 10.000 kear immen sjoen by it Nifelwyfke. Mei'k wol oer :-)

Earst no wat kultuer. Ik wie yn Ljouwert, nei't Frysk Museum. We parkearden yn'e garaazje derûnder en ik seach allegearre moaie Fryske wurden:







Ik woe nei it Museum, foaral foar de tentoanstelling oer it Breidzjen. Ik ha der al wat oer skreaun op'e blog fan De Breimeisjes, dat kinst hjir lêze. Hiel moai. Ik gean der nochris hinne, mei it oare "Breimeisje", Lydia, dan binne we de breidzjen-frijwilligers. Dat is op 12 jannewaris.

Der is mear te sjen, it is in skitterend museum! Ik fûn de tentoanstelling fan Harrekrammele ek geweldich moai. Dat is yn it Frysk en yn it Sjineesk! Hiel apart :-)


It gebou is ek prachtich, fan binnen en fan bûten. Hjir boppe sjochst rjochts de doar nei Harrekrammele en dêrneist ek wer allegearre Fryske wurden. 

Oant safier it stikje kultuer. Dan komt no it kado.
Ik hie tasein hjoed witte te litten wa't post fan my krijt. Der wiene twa persoanen dy't reagearden en dat wol ik beleanje: Noortje (Noortje Zuid) en Hilde (Hilde haakt), stjoere jimme my in berjochtsje mei jimme adres? Dan stjoer ik wat nei jimme ta! Myn mailadres is debreimeisjes@gmail.com.

Ik wol jimme allegearre graach goede krystdagen winskje!
En folle lok en seine foar 2016!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


maandag 14 december 2015

Tsien!

Tsien!


It is rêstich op'e blog fan 't Nifelwyfke. Ik nifelje noch genôch, mar it is net sa Frysk allegearre, it is mear foar debreimeisjes.blogspot.nl. 

Wat ik spitich fûn wie dat der mar 9 folgers wiene. En dêr bin ik dan sels ek noch ien fan...

No seach ik dat it oantal kearen dat der ien sjoen hat op'e blog rjochting tsientûzen giet en dat is ek wol wer bysûnder! En ynienen, no't ik noch in lytse 100 fan dy tsientûzen ôf bin, is se dêr: folger nûmer tsien! 



Tiid foar in wei-jouwer!


Dit Fryske famke jow ik wei en der komt fêst noch wol wat by, mar dat is in ferrassing.

Wolst mei dwaan? Lit it witte mei in reaksje. Oer tsien dagen lit ik witte wa't post fan my krijt!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!