Foar Mem
Ús Mem hie har jierdei yn it earste wykein fan febrewaris.
Ik frege wat se op 'e jierdei ha woe. Se lake 🙂 Se hie gjin winsken!
Blommen is fansels altiten goed. En lekkere sûkelade.
En ik haakte noch wat:
Fjouwer ûndersetters. Ik haakte se alris earder, mar se wie ien kwytrekke. No hat se wat ekstra. Ik makke se ek in bytsje grutter, ien toer mear.
Se lykje roze op dizze foto's, mar se binne read. It patroan kinst hjir fine. En ast leaver it Nederlânske patroan hast, kinst hjir sjen. Ik ha noch ien toer mear meardere en miskien haw ik noch wol wat feroare. Ik doch soms ek mar wat 🙂