Op stap yn Fryslân - mei 'k wol oer
De fakânsje is foarby, myn man is al goed in wike oan 't wurk en soan is no ek wer nei skoalle. It wie prachtich en wat ha we moai waar hân! We binne hast trije wiken nei Noarwegen west. Dizze wike skriuw ik dêr oer yn myn oare bloch (debreimeisjes).
Doe't we wer thús wiene ha we no en dan ek wat útstapkes makke en mei myn man bin ik no foar it earst nei Aldeberkeap west, nei Open Stal. It wie fan 12-7 oan 't 10-8, dat it is al wer foarby. Dochs skriuw ik der no wat oer op myn bloch, omdat it sa moai wie!
We wiene der yn de lêste wike.
Op ferskeidene plakken yn it doarp kinst keunst besjen en it wie hiel ferrassend en ferskaat. Der is dan in rûte en je komme lâns túnen, yn stâlen, in skoalle, winkels en safuorthinne.
Hjir binne wat foto's mei de nammen fan de keunstners en in link nei harren webside:
![]() |
Frank Slabbinck |
![]() |
Gerry Mellema |
![]() |
Marja Griede |
![]() |
Carolien Adriaansche |
![]() |
Bastiaan Meijer |
![]() |
Patrick Magnus |
Der wie noch folle mear te sjen! Ik fûn it wurk fan Jelmer Wijma ek skitterend! En dat fan Zjos Meyvis wie ek hiel fassinearend. Op de webside fan Open Stal kinst noch wol sjen hokker keunstners noch mear meidien ha. En dan te begripen dat dit de 43ste edysje fan Open Stal wie! Ik wol hjir graach wer hinne! Ek in hiel leuk plakje, dat Aldeberkeap.
Groetnis fan It Nifelwyfke!