{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 16 oktober 2015

Hoe makkest it pompeblêdlid

Hoe makkest it pompeblêdlid

Yn'e lêste blog fan It Nifelwyfke liet ik it sjen, de pot mei pipernuten mei op it lid haakte pompeblêden. Ik ha myn bêst dien om it patroan út te skriuwen. Ik hoopje dat it dúdlik is.


Begjin mei blau en mei in magyske ring en haak dêr 12 stokjes yn. Slút dizze toer en gean oer op wyt.
Toer 2: *yn'e earste stek 1 fêste, yn'e twadde 2 fêsten*, herhelje fan * oant * (18 stekken).
Toer 3: *4 lossen, yn'e twadde losse fanôf de haaknulle 1 fêste, yn'e tredde 1 heal stokje, yn'e fjirde 1 stokje, twa stekken fan it rûntsje oerslaan en yn'e tredde 1 heale fêste*, herhelje fan * oant *, sa krijst 6 punten. Slút de toer en gean met heale fêsten oant boppe op in punt en gean oer op read.


Toer 4: 3 lossen, no haakst in kluster fan 6 stokjes tusken twa punten, dan haakst de helte fan in stokje yn alle seis stekken sadat der fan al dy stekken twa lussen op'e haaknulle bliuwe. Dan noch in omslag dy't troch alle lussen giet. Dêrnei noch 3 lossen en 1 heale fêste op de punt. Doch dit tusken alle punten.



Toer 5: *4 heals stokjes yn de twadde losse, 1 heale fêste yn de middelste stek, dy fan it kluster, 4 heale stokjes yn de twadde losse, 1 heale fêste op de heale fêste fan toer 4*. Sa troch, dan hast al 6 pompeblêden. Oan it ein de toer slute en wer oer op wyt.
Toer 6: *1 heale fêste, 2 fêsten, 1 heale fêste* op de 4 stekken fan de earste bôge, 1 stokje op de heale fêste tusken de bôgen en dan wer op de twadde bôge *1 fêste, 2 heale stokjes, 1 fêste*. Dan 1 lang stokje meitsje werby ynstekt wurdt yn de boppeste wite stek fan de punt fan toer 3. Sa troch hake. Oan it ein binne der 60 stekken. De toer slute en wer oer op blau.


Toer 7: yn alle stekken 1 stokje mar yn alle tsiende stekken 2 stokjes. (66 stokjes).


By my wie it no krekt grut genôch. Ik ha de toer ôfsletten en ha in toer yn de achterste lussen haakt, ik bin doe oergien op fêsten, dat fûn ik moaier. Ik ha noch in pear toeren fêsten haakt om de sydkant fan it lid goed te bedekken. Der wurdt net mear meardere. It is wolris moai om yn dy earste toer fan de sydkant wat te minderjen, dan kinst elste tsiende en alfde stek tegearre hake. Dat wurdt it wat strakker.


Kinst it mei in lympistoal fêstsette of mei dûbelsidich plakbân.

Yn'e pot kinne dan noch pipernuten. Of pipermintsjes, lekkere dropkes, Fryske dúmkes en noch folle mear :-)

Ik hoopje dat it sa dúdlik is! Lit it oars mar witte!
Meist wol maile: debreimeisjes@gmail.com

Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 


donderdag 1 oktober 2015

In nij idee

In nij idee


Der wurdt de lêste tiid net sa'n soad nifele troch it Nifelfwyfke. As Breimeisje giet it tige bêst, mar de Fryske ideeën komme net sa faak op. 
Ynienen kaam der dochs wat by my binnen :-)

It kaam sa: ik woe in presintsje meitsje foar de gastfrou fan in feestje en ik tocht ik doch in moaie pot en haak wat om it lid. Ik woe wol wat mei pompeblêden. Dat haw ik al ris earder besocht, mar dat wie doe net slagge.

No gie it better nei myn sin:


Sa is it mei deiljocht:


Ik ha myn prototype mei dûbelsidich plakbân op it lid plakt.


En de pot sit fol mei pipernuten! Dat passet goed by de gastfrou, nim dat fan my oan :-)


Ik ha foto's fan alle tuskenstappen en sil it patroan meikoarten útwurkje.



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!