woensdag 6 augustus 2014

Snitswike

Snitswike


Hjoed is it Hurdsyldei! Wy wenje sûnt 2003 yn Snits en wy learden dat op Hurdsyldei alles yn Snits mei ien ding dwaande is en dat is.... no ja, it hat mei silen te krijen.
Sûnt Snits by Súdwest Fryslân heart, wurde de konteners al wer lege op woansdei :-)

In pear jier lyn hie ik foar soan in moai Snitser hoeske makke foar de tillefoan, mei de Wetterpoarte der op. Spitigernôch hat er dat doe ferlern. (Hjir kinst noch in foto sjen fan dat hoeske). 

No hat er in nije tillefoan en hij frege my oft ik in nij hoeske meitjse woe, wer mei de Wetterpoarte. It wie foar my in fakânsjeprojekt. Mar it is noch net slagge....


Sa fier wie ik al en doe betocht ik dat ik rekken hâlde moest mei in kantstek en doe bin ik wer op nij begûn. 



En no wie ik al wer safier, mar dy nije tillefoan is folle grutter! Dat ik ha de boel al wer úthelle. De Wetterpoarte kaam krekt op 'e helte fan de hichte fan de tillefoan. Dat wie my net nei 't sin. Ik meitsje wer in nije start. Dizze Snitswike moat soan it noch dwaan mei dit hoeske:

(Mear hoeskes dy 't ik makke ha binne hjir en hjir te sjen).

Ik sil hjoed ris sjen op de bradery! Mear oer wat der te dwaan is yn Snits is hjir te finen.

Lêste nijs:  In hoeske is klear! Sjoch hjir op myn oare bloch!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

3 opmerkingen:

  1. Och bern, wat hasto en soad geduld.
    Mar it is wol heil bijzûnder sa'n wetter poarte hoeske.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Wat mooi de ingebreide waterpoort groetjes Tineke

    BeantwoordenVerwijderen