{ 'anonymize_ip': true }

maandag 12 februari 2018

Foar Mem

Foar Mem


脷s Mem hie har jierdei yn it earste wykein fan febrewaris.
Ik frege wat se op 'e jierdei ha woe. Se lake 馃檪 Se hie gjin winsken!
Blommen is fansels altiten goed. En lekkere s没kelade. 
En ik haakte noch wat:


Fjouwer 没ndersetters. Ik haakte se alris earder, mar se wie ien kwytrekke. No hat se wat ekstra. Ik makke se ek in bytsje grutter, ien toer mear. 


Se lykje roze op dizze foto's, mar se binne read. It patroan kinst hjir fine. En ast leaver it Nederl芒nske patroan hast, kinst hjir sjen. Ik ha noch ien toer mear meardere en miskien haw ik noch wol wat feroare. Ik doch soms ek mar wat 馃檪


Groetnis fan It Nifelwyfke!



Geen opmerkingen:

Een reactie posten