maandag 10 oktober 2016

Fryske patroanen

Fryske patroanen


Der wurdt hjir yn'e hûs noch altyd fan alles nifele, haakt en breide, mar it is op dit stuit net sa Frysk... 

Al sit ik wol te "stinnen" op in Frysk projekt. Dat sit sa:
in pear jier lyn krige ik âlde wol fan in freondinne:


In soad donkerblaue wol.


In bytsje read en ek wat wyt. Al is it net yn- en ynwyt.


En noch wat swarte wol.

Eins wol ik fan de reade, wyte en blaue wol in tekken meitsje. Mei Fryske patroanen. Yn de boeken fan Stella Ruhe, Visserstruien en Visserstruien 2 (sjoch ek hjir) ha ik allegearre Fryske patroanen fûn. Mar it is lêstich, want ik moat sels betinke hoefolle stekken ik brûke sil en it is ek spannend hoe grut de tekken wurde kin met it jern dat ik ha....

No hie ik noch in moaie bol jern en dêr woe ik in sjaal of sa fan meitsje.


En ik ha betocht dat ik no earst mar ris sa'n patroan teste sil :-)

Ik ha 85 stekken en ha it patroan fan de twadde trui fan Paesens-Moddergat útsocht. Ik ha it wol wat feroare, want ik wol der gjin kabels yn ha. Ik ha no allinne rjocht en averjochte stekken en dan is de sjaal oan beide kanten moai. Alteast: dêr gean ik fan út ;-)


Ik fyn de Fryske patroanen machtich moai, foaral dy fan Wierum en Paesens Moddergat! 
Miskien wurdt it dochs noch wat mei myn Fryske tekken. Dat ik yn it nije jier eltse moanne in stik klear ha. Dat soe wol in aardich projekt wurde kinne.
Earst dizze sjaal mar ris breidzje!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

1 opmerking:

  1. Veel plezier met breien van de sjaal! Ben benieuwd wat er van de andere wol wordt gemaakt.

    BeantwoordenVerwijderen