donderdag 18 februari 2016

Frysk ûltsje

Frysk ûltsje


Mei myn freondinne fersoargje ik al in skoft hantwurkjûnen. Dan wurdt der meastentiids haakt, tee en lekkers derby, tige noflike jûnen binne dat. Der komme froulju mei eigen projekten, mar wy nimme ek altyd wat patroantsjes mei.

Koartlyn sei ien fan de froulju dat se wolris in ûltsje hake woe. No hie ik 'al wat mei blomkes foar ôfrûne moandei (dêr koest juster al wat fan sjen op de blog fan De Breimeisjes), mar der koe noch wol wat by. Ik fûn hjir by Hilde in aardich patroantsje. Earst haw ik sels ien makke.


Mei wyt en blau. En read! 


Myn ûltsje hat Fryske wjukken krigen :-)
Dizze pompeblêdsjes haak ik no sa: 
Begjin mei in magyske ring.
Dan 2 lossen, 
3 dûbele stokjes,
3 stokjes,
1 dûbel stokje,
3 stokjes,
3 dûbele stokjes,
2 lossen,
en dan ôflúte mei 1 heale fêste yn de magyske ring. 
De ring tichtlûke en yn de begjin- en eintried in knoop meitsje. Mei dy trieden kinst it ek op 't ûltjse fêstsette.



En doe't ik noch oan 't sykjen wie nei in goed patroantsje, seach ik ek in ûle dy't knypeage, dat docht dy fan my no ek ;-)


Ik hie der eins gelyk in luske oanmeitsje moatten....


Dan hie dizze moai oan myn tas hingje kinnen! 






Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

1 opmerking: