vrijdag 26 februari 2016

Frysk/Nederlânsk

Frysk/Nederlânsk


Google translate docht no ek de Fryske taal! Derom ha 'k dy knop by de blog setten, mar hjir jout neat. Dat komt omdat Blogger Frysk noch net in taal fynt. Ik ha by de ynstellings stean dat ik yn it Nederlânsk skriuw. Frysk is de twadde Nederlânske taal, mar sa sil it wol neat wurde mei it oersetten, bin ik bang.

Wat ik ek in leuk nijtsje fyn is dit:

Fryske facebookknoppen :-) Ik seach se by Praat mar Frysk.


De fakânsje begjint hjoed, foarjiersfakânsje! Moaie tiid tawinske!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

donderdag 18 februari 2016

Frysk ûltsje

Frysk ûltsje


Mei myn freondinne fersoargje ik al in skoft hantwurkjûnen. Dan wurdt der meastentiids haakt, tee en lekkers derby, tige noflike jûnen binne dat. Der komme froulju mei eigen projekten, mar wy nimme ek altyd wat patroantsjes mei.

Koartlyn sei ien fan de froulju dat se wolris in ûltsje hake woe. No hie ik 'al wat mei blomkes foar ôfrûne moandei (dêr koest juster al wat fan sjen op de blog fan De Breimeisjes), mar der koe noch wol wat by. Ik fûn hjir by Hilde in aardich patroantsje. Earst haw ik sels ien makke.


Mei wyt en blau. En read! 


Myn ûltsje hat Fryske wjukken krigen :-)
Dizze pompeblêdsjes haak ik no sa: 
Begjin mei in magyske ring.
Dan 2 lossen, 
3 dûbele stokjes,
3 stokjes,
1 dûbel stokje,
3 stokjes,
3 dûbele stokjes,
2 lossen,
en dan ôflúte mei 1 heale fêste yn de magyske ring. 
De ring tichtlûke en yn de begjin- en eintried in knoop meitsje. Mei dy trieden kinst it ek op 't ûltjse fêstsette.



En doe't ik noch oan 't sykjen wie nei in goed patroantsje, seach ik ek in ûle dy't knypeage, dat docht dy fan my no ek ;-)


Ik hie der eins gelyk in luske oanmeitsje moatten....


Dan hie dizze moai oan myn tas hingje kinnen! 






Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 

vrijdag 12 februari 2016

Breidzjen

Breidzjen


Yn it Frysk Museum is op 't heden in tentoanstelling oer Breidzjen. Mei myn freondinne bin ik der al twa kear west as "brei-williger". It wie geweldich! De tentoanstelling is ek in echte oanrieder.



Hjoed hearde ik op Omrop Fryslân in "kollum", fan Nynke Sietsma, oer it breidzjen. Wa't dit net heard had, kin 'm hjir noch lêze!

Noflik wykein!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach!