maandag 14 december 2015

Tsien!

Tsien!


It is rêstich op'e blog fan 't Nifelwyfke. Ik nifelje noch genôch, mar it is net sa Frysk allegearre, it is mear foar debreimeisjes.blogspot.nl

Wat ik spitich fûn wie dat der mar 9 folgers wiene. En dêr bin ik dan sels ek noch ien fan...

No seach ik dat it oantal kearen dat der ien sjoen hat op'e blog rjochting tsientûzen giet en dat is ek wol wer bysûnder! En ynienen, no't ik noch in lytse 100 fan dy tsientûzen ôf bin, is se dêr: folger nûmer tsien! 



Tiid foar in wei-jouwer!


Dit Fryske famke jow ik wei en der komt fêst noch wol wat by, mar dat is in ferrassing.

Wolst mei dwaan? Lit it witte mei in reaksje. Oer tsien dagen lit ik witte wa't post fan my krijt!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

Reagearje? Graach! 




4 opmerkingen:

  1. Haha, ik tink dat ik folger nummer tjien bin... net frysk mar wol in fryske man en trije famkes mei fryske nammen! Ik bin folger wurde omdat ik it hiel leuk vind om it frysk te learen, ik skriuw it noch net sa best ;-) en ik nifelje ek hiel graach! Folle groetnis fan Noortje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Tige wolkom, Noortje! En... ik fyn datst tige geef Frysk skriuwst :-)

      Verwijderen
  2. Haha, tankewol foar it compliment mar ik mot noch in hiel soad leare mar fin it wol hiel leuk, ik kin it hiel goed verstean, us bern ek, want myn man praat thús frysk, is ek heit (en ik bin gewoan mama) echt in mix! Noflike jun!

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Ik doe graag mee met je wei-jouwer! Fries schrijven begin ik maar niet aan...

    BeantwoordenVerwijderen