vrijdag 18 september 2015

Swalk

Swalk


It is wat let dat ik hjir mei kom: "Swalk, Frysk op toernee". Dat is de Fryske boekewike, kinst wol sizze. Allinne duorret it wol trije wiken :-) 
En ik sei it al, ik bin wat let, want it duorret oant 20 septimber... Hjir kinst it programma fine.

Der is ekstra oandacht foar it Fryske boek en sa kaam ik dan dochs oan dizze ynspiraasje. Ik wie hjoed by de Dorcas-winkel yn Snits en dêr binne de Fryske boeken it tema fan'e moanne en no meist trije boeken útsykje foar 1 euro!


Ik koe wol trije boeken fine!


Dizze twa boeken gean beide oer fakânsje, sa liket it.


En dit boek spilet op Skiermûntseach, dêr bin ik krekt sels noch west! 


Ik bin wiis mei myn oankeapen! En wenje jimme yn Snits of der flak by? Ik soe sizze: net stinne en gau derhinne! Nei de Dorcas, foar in pear Fryske boeken foar in bytsje jild. Of foar oar moai guod.

En foar Fryske boeken kinst ek nei de boekwinkel, want dêr binne ek noch leuke aksjes: der is in kadoboek, "De ferjilder", datst krije kinst by oankeap fan Fryske boeken en foar in lyts pryske is der in aksjeboek te keap, "Dy iene foto". 



Frysk lêze, ik mei der wol oer. Jimme ek?



Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

3 opmerkingen:

  1. Frysk lêze en skriuwe en prate en tinke . Alles yn it Frysk. Sels it skriuwen fan de fergadering, it appen mei de bern en man. It moaie derfan is dat elts der mei begjint. Mar wat is it Fryske wurd foar appe?

    Groet fan Wiepkje (dy graach oer in Frysk blog mei)

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Dat binne fan dy wurden... we nimme se oer, mar moai is 't net fansels. Ik soe net witte wat we der fan meitsje kinne. It komt fan "application" en dat is yn 't Frysk applikaasje... Mar se dogge dit ek yn 't Nederlânsk! Net goed, mar sa giet soks :-(

      Verwijderen
  2. eToro is the ultimate forex trading platform for rookie and professional traders.

    BeantwoordenVerwijderen