{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 18 september 2015

Swalk

Swalk


It is wat let dat ik hjir mei kom: "Swalk, Frysk op toernee". Dat is de Fryske boekewike, kinst wol sizze. Allinne duorret it wol trije wiken :-) 
En ik sei it al, ik bin wat let, want it duorret oant 20 septimber... Hjir kinst it programma fine.

Der is ekstra oandacht foar it Fryske boek en sa kaam ik dan dochs oan dizze ynspiraasje. Ik wie hjoed by de Dorcas-winkel yn Snits en dêr binne de Fryske boeken it tema fan'e moanne en no meist trije boeken útsykje foar 1 euro!


Ik koe wol trije boeken fine!


Dizze twa boeken gean beide oer fakânsje, sa liket it.


En dit boek spilet op Skiermûntseach, dêr bin ik krekt sels noch west! 


Ik bin wiis mei myn oankeapen! En wenje jimme yn Snits of der flak by? Ik soe sizze: net stinne en gau derhinne! Nei de Dorcas, foar in pear Fryske boeken foar in bytsje jild. Of foar oar moai guod.

En foar Fryske boeken kinst ek nei de boekwinkel, want dêr binne ek noch leuke aksjes: der is in kadoboek, "De ferjilder", datst krije kinst by oankeap fan Fryske boeken en foar in lyts pryske is der in aksjeboek te keap, "Dy iene foto". 



Frysk lêze, ik mei der wol oer. Jimme ek?



Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

dinsdag 1 september 2015

Oersette

Oersette


Om 't ik it wol moai fyn dat ik yn 't Frysk skriuwen leard ha en it byhâlde wol, bin ik dizze blog begûn. Mei wat help fan Praat mar Frysk kom ik in hiel ein ;-)



No seach ik dat yn dizze moanne de Fryske Google oerset-wike is. Fan 21 oant en mei 26 septimber, hjir kinst der alles oer lêze. En kinst sels ek mei dwaan!

Meikoarten kinst dizze bloch ek oersette, tink.





Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.