maandag 19 januari 2015

Fyftich

Fyftich


Oan it begjin fan it jier fier ik myn jierdei en dit jier wie it in bysûndere jierdei: ik waard fyftich!



Ik bin it âldste bern en dêrmei wiene myn heit en mem dy dei ek fyftich jier heit en mem! Dat fûn ik ek wol in kadootsje wurdich en dêrom kocht ik foar harren in Frysk slokje (fan de "weduwe") en haakte der twa ûndersetters bij:


No wol myn mem der noch wol in pear by! Leuk! Ik meitsje der noch in pear, foar har jiedei! It patroan stie earder op myn bloch, it is hjir te finen.

Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.

maandag 12 januari 2015

Genietsje fan de lytse dingen (1)

Genietsje fan de lytse dingen (1)


De earste tiisdei fan dit jier rûn ik oer de merke en dêr seach ik se:
de earste titelroazen fan dit jier! Ik ha se fuortendaliks kocht.


It is foar my in nij wurd, titelroazen. Sa lear ik ek noch wat!

Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.

donderdag 1 januari 2015

2015

 2015


In nij jier, in nij begjin! 



Koartlyn krige ik dit glês mei in kears deryn, mei in moaie Fryske tekst:



Dat is in goed foarnimmen foar dit nije jier. En fierder sille we wolris sjen wat 2015 ús bringt!

In prachtich 2015 tawinske
mei tiid foar mekoar
mei waarmte, leafde en ferbûnens
en al it goede, gelok en sûnens foar jimme allegear!

Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

Reaksjes binne tige wolkom. Ik lês se graach.