maandag 22 december 2014

In gouden pompebled

In gouden pompeblêd


Oan it begjin fan dit jier  begûn de útdaging om eltse moanne in pompeblêd te finen of te betinken. Dat foel net altyd ta. No is it oan it ein fan it jier 2014. Yn desimber wie der noch net in pompeblêd te sjen by it Nifelfwyfke, mar op 'e sprong nei 't nije jier haw ik noch in moaie fûn:


In gouden pompeblêd. Dit pompeblêd is in wichtich "ûnderdiel" fan in ingeltsje:


Dit patroan is hjir te finen. It ingeltsje is moai ienfâldich. Se hinget al yn 'e krystbeam by alle oare ingeltsjes.


Ik wol graach eltsenien moaie krystdagen tawinskje en in goed úteinde!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

2 opmerkingen:

  1. In moai pompeblêd ingeltsje. Sa kin it dus ek brukt wurde. Foar it nijejier alle goeds tawinske
    Groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Dit pompeblêd liket wol op dat wat ik koartlyn sjen liet, mar it is oars. It hat my wol ynspirearre.

      Verwijderen