zaterdag 15 november 2014

Pompebled yn novimber

Pompeblêd yn novimber


It pompeblêd fan oktober brocht my mear ynspiraasje:


Der kinne wol wat toeren by en dan hast in ûndersetter!


Ik ha wat toeren eksta haakt, it binne der no tsien.


Dat passet moai by in Frysk slokje, mar in wynglês passet der ek wol op.

Kinst it noch grutter meitsje, dan kin it pannelappen wurde. En ik tocht ek al oan in badmatte fan Zpagetti! 

Toer 1: magyske ring mei 6 fêsten (6)
Toer 2: keare, yn alle stekken 2 fêsten (12)
Toer 3: keare, * yn 'e earste stek 1 fêste, yn de twadde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x  herhelje oant it ein fan de toer (18)
Toer 4: keare, * yn 'e earste en twadde stek elts 1 fêste, yn de tredde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (24)
Toer 5: keare, * yn de earste trije stekken elts 1 fêste, yn de fjirde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (30)
Toer 6: keare, * yn de earste fjouwer stekken elts 1 fêste, yn de fyfde 2 fêsten*,
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (36)
Toer 7: keare, * yn de earste fiif stekken elts 1 fêste, yn de sechde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5 x herhelje oant it ein fan de toer (42)
Toer 8: keare, * yn de earste seis stekken elts 1 fêste, yn de sânde 2 fêsten*, 
fan * oant * 5x herhelje oant it ein fan de toer (48)
Toer 9: keare, de earste stek net hake, dan * yn de earste sân stekken elts 1 fêste, yn de achtste 2 fêsten*, fan * oant * 4 x herhelje, dan fierder fêsten hake, mar yn de lêste stek 1 heale fêste.
No komt der noch ien toer mei fêsten omhinne. Net keare, gewoan troch hake, earst tusken de boochjes fan it pompeblêd. Ik ha boppenoan 2 fêsten yn 1 stek en dan in pear kear 1 en dan oan de oare kant ek sa. Fierder yn alle stekken 1 fêste en ôfwurkje.


Groetnis fan It Nifelwyfke!


zaterdag 1 november 2014

Fryske poëzij jûn

Fryske poëzij jûn


Dizze moanne is der in jûn yn Ljouwert mei Fryske dichters en moaie musyk. De musyk is fan Grapefruit Moon. Ik tink net dat se Frysk sjonge sille, mar moai is it wol!






Ûndertusken wurkje ik oan in nij pompeblêd!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)