vrijdag 10 oktober 2014

In nij patroan fan in pompebled

In nij patroan fan in pompeblêd


Myn foarnimmen om yn alle moannen wat nijs te betinken mei pompeblêden slagget net alhiel, mar hjoed ha 'k wol in nije!

Ik wie tige motivearre oan it haken en doe ûntstie dit:


Ik ha myn bêst dien om it patroan goed yn 'e holle te krijen en sil no besykje om it oer te bringen yn tekst.

Toer 1: Yn in magyske ring 6 fêsten:

Toer 2: Keare, yn alle stekken 2 fêsten (12):



Toer 3: Keare, *yn de earste stek 1 fêste, yn de twadde stek 2 fêsten*, fan * oant * 5 x herhelje, oant it ein fan de toer ta (18):

Toer 4: Keare, * yn de earste en twadde stek elts 1 fêste, yn de tredde stek 2 fêsten*, herhelje 5 x fan * oant *, oant it ein fan de toer ta (24):



Toer 5: Keare, de earste stek net hake, dan * yn de folgjende 3 stekken, elts 1 fêste, yn de fjirde 2 fêsten*, fan * oant * 4 x herhelje, dan noch fêsten hake, mar yn de lêste stek 1 heale fêste:



No komt der noch in toer fêsten omhinne, net keare, mar troch hake, earst tusken de boochjes, ik ha boppe 2 fêsten yn 1 stek dien en under 1 feste en dan yn it oare boochje earst 1 ûnder en dan boppe 2 yn 1 stek. 



Dêrnei yn alle stekken 1 fêste. Oan it ein ôfwurkje.



Ik ha noch in pompeblêd haakt en se oan elkoar fêst haakt. Nei it twadde blêd kinst gelyk troch hake, nimst hieltyd fan beide pompeblêden 1 luske fan eltse fêste, dat jowt in moaie râne.

Ik haak direkt in lus boppe, fan 30 lossen, sa kin ik it pompeblêd moai oan myn tas hingje of oan in kaai!



Alle losse trieden kinne nei binnen wurke wurde:



De lêste stek noch moai ôfhechtsje en ek die tried nei binnen wurkje en klear is it! Ik hingje dit pompeblêd oan myn tas dy't ik meinim te Pronkriden!



Hjir noch in kollaazje fan alle foto's:



Meie jimme hjir wol oer? 


Groetnis fan It Nifelwyfke

1 opmerking: