vrijdag 10 oktober 2014

In nij patroan fan in pompebled

In nij patroan fan in pompeblêd


Myn foarnimmen om yn alle moannen wat nijs te betinken mei pompeblêden slagget net alhiel, mar hjoed ha 'k wol in nije!

Ik wie tige motivearre oan it haken en doe ûntstie dit:


Ik ha myn bêst dien om it patroan goed yn 'e holle te krijen en sil no besykje om it oer te bringen yn tekst.

Toer 1: Yn in magyske ring 6 fêsten:

Toer 2: Keare, yn alle stekken 2 fêsten (12):



Toer 3: Keare, *yn de earste stek 1 fêste, yn de twadde stek 2 fêsten*, fan * oant * 5 x herhelje, oant it ein fan de toer ta (18):

Toer 4: Keare, * yn de earste en twadde stek elts 1 fêste, yn de tredde stek 2 fêsten*, herhelje 5 x fan * oant *, oant it ein fan de toer ta (24):



Toer 5: Keare, de earste stek net hake, dan * yn de folgjende 3 stekken, elts 1 fêste, yn de fjirde 2 fêsten*, fan * oant * 4 x herhelje, dan noch fêsten hake, mar yn de lêste stek 1 heale fêste:



No komt der noch in toer fêsten omhinne, net keare, mar troch hake, earst tusken de boochjes, ik ha boppe 2 fêsten yn 1 stek dien en under 1 feste en dan yn it oare boochje earst 1 ûnder en dan boppe 2 yn 1 stek. 



Dêrnei yn alle stekken 1 fêste. Oan it ein ôfwurkje.



Ik ha noch in pompeblêd haakt en se oan elkoar fêst haakt. Nei it twadde blêd kinst gelyk troch hake, nimst hieltyd fan beide pompeblêden 1 luske fan eltse fêste, dat jowt in moaie râne.

Ik haak direkt in lus boppe, fan 30 lossen, sa kin ik it pompeblêd moai oan myn tas hingje of oan in kaai!



Alle losse trieden kinne nei binnen wurke wurde:



De lêste stek noch moai ôfhechtsje en ek die tried nei binnen wurkje en klear is it! Ik hingje dit pompeblêd oan myn tas dy't ik meinim te Pronkriden!



Hjir noch in kollaazje fan alle foto's:



Meie jimme hjir wol oer? 


Groetnis fan It Nifelwyfke

woensdag 8 oktober 2014

Frysk op 'e google-oersetter

Frysk op 'e google-oersetter


Yn myn lêste Nifelwyfke-bloch hie ik it al oer twifelje/twivelje. Hjoed hearde ik wat op de radio, dat se de stavering oars meitsje wolle, dúdliker. It sil my nij dwaan! Wat ik ek lêzen ha: der wurdt wurke oan in google-oersetter yn it Frysk! Dan sil ik op dizze bloch skielk ek de google-translate-funksje in plak jaan!
Hjir kinst mear lêze en sels meidwaan oan it oersetten!



Freed in nije bloch, en dan lit ik sjen hoe dit pompeblêd makke is! 




Groetnis fan It Nifelwyfke!

woensdag 1 oktober 2014

Oktober - wynmoanne

Oktober - wynmoanne


Och heden, no is it al oktober! Heech tiid foar in nij berjocht fan it Nifelwyfke! Ik nifelje noch wol, hear, in soad sels, mar dan net yn it Frysk... Al is it wol yn myn gedachten/tinzen.

Op myn oare bloch skriuw ik mei mear gemakt, yn it Frysk twivelje/twifelje ik by in soad wurden. Nim it wurd "oktober". As ik twivelje/twifelje sjoch ik bij Praat mar Frysk. Meastentiids docht bliken dat ik it wol goed hie. Oktober is yn it Frysk ek oktober. Mar ... ek wynmoanne. En no tink ik: "Wyn? Wyn bûten, of wyn yn it glês?" It passet beide by oktober.

No haw ik hjoed leart fan Praat mar Frysk dat twivelje mei in "v" is én dat it ek mei in "f" kin, twifelje. No twifelje/twivelje ik noch mear! Is it dan wol nifelwyfke of moat it dan nivelwyfke wêze? Mar wat in gelok! It is goed: 

Nifelje

Dan is dat dúdlik. En dat is dan wer in typisk fal fan 


Meikoarten in nije bloch, mar dêr moat ik earst noch wat foar nifelje!


Groetnis fan It Nifelwyfke

Opmerkings binne tige wokom! Ik lês se graach (ek at se net yn it Frysk binne :-))