{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

woensdag 20 augustus 2014

Op stap yn Fryslan - mei 'k wol oer

Op stap yn Fryslân - mei 'k wol oer


De fakânsje is foarby, myn man is al goed in wike oan 't wurk en soan is no ek wer nei skoalle. It wie prachtich en wat ha we moai waar hân! We binne hast trije wiken nei Noarwegen west. Dizze wike skriuw ik dêr oer yn myn oare bloch (debreimeisjes). 

Doe't we wer thús wiene ha we no en dan ek wat útstapkes makke en mei myn man bin ik no foar it earst nei Aldeberkeap west, nei Open Stal. It wie fan 12-7 oan 't 10-8, dat it is al wer foarby. Dochs skriuw ik der no wat oer op myn bloch, omdat it sa moai wie!
We wiene der yn de lêste wike. 

Op ferskeidene plakken yn it doarp kinst keunst besjen en it wie hiel ferrassend en ferskaat. Der is dan in rûte en je komme lâns túnen, yn stâlen, in skoalle, winkels en safuorthinne. 

Hjir binne wat foto's mei de nammen fan de keunstners en in link nei harren webside:

Frank Slabbinck

Gerry Mellema

Marja Griede

Carolien Adriaansche

Bastiaan Meijer

Patrick Magnus
Der wie noch folle mear te sjen! Ik fûn it wurk fan Jelmer Wijma ek skitterend! En dat fan Zjos Meyvis wie ek hiel fassinearend. Op de webside fan Open Stal kinst noch wol sjen hokker keunstners noch mear meidien ha. En dan te begripen dat dit de 43ste edysje fan Open Stal wie! Ik wol hjir graach wer hinne! Ek in hiel leuk plakje, dat Aldeberkeap. 


Groetnis fan It Nifelwyfke!

dinsdag 12 augustus 2014

Pompebleden yn augustus





Pompeblêden yn augustus


It skriuwen fan blochs fyn ik hiel moai om te dwaan. It skriuwen yn it Frysk falt net altyd mei, mar mei wat help fan û.o. Praatmarfrysk.nl kom ik in hiel ein!

Eltse moanne wol ik graach in pompeblêd yn dizze bloch sjen litte. En dan in selsmakke pompeblêd, it moat wol mei nifeljen en hantwurkjen te krijen ha. Mar dan moat ik wol eltse moanne ynspiraasje fine! 

Troch de blochs kaam ik wer yn kontakt mei in nicht fan my en se stjoerde my al ris in foto mei moaie Fryske panlappen. Dy hie se sjoen op facebook, yn in geheime haakgroep. Dat wie krekt wat foar mij en myn bloch fansels! Uteinlik hat se mij ek yn de groep krigen. 

No hake de Fryske froulju fansels net allinnich pompeblêden. Ik kin sels wol sizze dat se foaral oare saken hake. Mar dit wykein seach ik in prachtich pompeblêd, wier skitterend! Ik ha fuortdaliks in berichtsje stjoert nei Jannie Funcke, dy't it makke hat, mei de fraach oft ik it sjen litte mocht op dizze bloch en dat fûn se goed. Se stjoerde sels noch in pear foto's fan oare pompeblêd-kreaasjes!

Dizze Fryske redens fyn ik ek hiel moai betocht! Ik ha sels de redens ek al faak makke. In patroantsje is te finen op de webside fan De Breimeisjes (sjoch hjir!) Dizze Fryske fariaasje sil ik fêst ek noch wolris meitsje!


Dit is ek moai betocht, al sil ik dat sels net gau meitsje:



Mar no it klapstik:

Foto fan Jannie Funcke
In tekken fan allegear "granny's"! Ik fyn 'm geweldich! Jannie hat dizze tekken makke foar har skoansoan. No, dy sil wol wiis wêze mei syn skoanmem! Wat in wurk, en wat in prachtich risseltaat! Tige tank dat ik it sjen litte mocht, Jannie!

Sels ha 'k ek al wer wat plannen. Oare moanne wer in pompeblêd fan it Nifelwyfke!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

woensdag 6 augustus 2014

Snitswike

Snitswike


Hjoed is it Hurdsyldei! Wy wenje sûnt 2003 yn Snits en wy learden dat op Hurdsyldei alles yn Snits mei ien ding dwaande is en dat is.... no ja, it hat mei silen te krijen.
Sûnt Snits by Súdwest Fryslân heart, wurde de konteners al wer lege op woansdei :-)

In pear jier lyn hie ik foar soan in moai Snitser hoeske makke foar de tillefoan, mei de Wetterpoarte der op. Spitigernôch hat er dat doe ferlern. (Hjir kinst noch in foto sjen fan dat hoeske). 

No hat er in nije tillefoan en hij frege my oft ik in nij hoeske meitjse woe, wer mei de Wetterpoarte. It wie foar my in fakânsjeprojekt. Mar it is noch net slagge....


Sa fier wie ik al en doe betocht ik dat ik rekken hâlde moest mei in kantstek en doe bin ik wer op nij begûn. 



En no wie ik al wer safier, mar dy nije tillefoan is folle grutter! Dat ik ha de boel al wer úthelle. De Wetterpoarte kaam krekt op 'e helte fan de hichte fan de tillefoan. Dat wie my net nei 't sin. Ik meitsje wer in nije start. Dizze Snitswike moat soan it noch dwaan mei dit hoeske:

(Mear hoeskes dy 't ik makke ha binne hjir en hjir te sjen).

Ik sil hjoed ris sjen op de bradery! Mear oer wat der te dwaan is yn Snits is hjir te finen.

Lêste nijs:  In hoeske is klear! Sjoch hjir op myn oare bloch!

Groetnis fan It Nifelwyfke!