{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

dinsdag 15 juli 2014

In pompeblêd yn july

In pompeblêd yn july


Dizze kear komt de ynspiraasje foar it pompeblêd fan 'e moanne troch de Freubelclub fan Katrein Kunst. We nifelje dêr fan alles en de lêste kear hawwe we oan it borduerjen west, op skriuwboekjes.


Earst mei help fan rútsjespapier in patroan meitsje en dat dan, mei in priklappe ûnder de omslach, mei in nulle yn de omslach prikke. En dan borduere.

No betocht ik dat ik dan ek moai in pompeblêd borduere koe en dêrom haw ik ien úttekene:


Alle gatsjes binne prikt:


En dit is it einresultaat:


Op de bloch fan Brenda, BDDesigns, seach ik in moaie útlis om der noch in reisomslach by te meitsjen!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

zaterdag 5 juli 2014

Thús - Mei 'k wol oer!

Thús - Mei 'k wol oer!


It wie moai waar en ik fytste nei myn âlders. We gyngen yn 'e tún sitten. Us Mem kaam mei de kofje:


Dizze kop sette se foar my del: Omdat ik sa wiis mei dy bin.

Dêr wurdst dochs hielendal bliid fan! 



Groetnis fan It Nifelwyfke!