vrijdag 27 juni 2014

Mei 'k wol oer: Simmer Sjop


Mei 'k wol oer: Simmer Sjop


Snits is in moaie stêd, mei in protte winkels. Spigernôch stiet der hjoed-de-dei nochal wat leech. Mar der is goed nijs:






















En neffens Katrein Kunst sil wurdt it in feest! Ik tink it ek en meitsje in slinger foar de Simmer Sjop. It patroan stiet hjir op de bloch (fan De Breimeisjes). En hjoed is it einresultaat fan de slinger hjir te sjen (op deselde bloch).


Op 28 juny iepent dizze winkel, yn 'e Peperstraat yn Snits!



Groetnis fan It Nifelwyfke!

donderdag 12 juni 2014

Blomke yn gers

Blomke yn it gers


Wy hienen dit wykein in famyljewykein. Fansels hie ik wol wat te haken meinaam. It wie prachtich waar en ik haakte foar myn tantesizzer dizze bleate-fuotten-sandalen:



Ik haakte dizze kear in bantsje fan 3 fêsten breed, mar fierder is it krekt as it sandaaltsje mei it pompeblêd, sjoch hjir.

It blomke makke ik sa: yn in magyske ring 6 fêsten. Yn de twadde kleur yn alle fêsten *3 lossen, 1 heale fêste*. Dan binne der 6 boochjes. Yn alle boochjes *1 heale fêste, 2 lossen, 3 stokjes, 2 lossen, 1 heale fêste*. 
Mei de ein- en begjintrieden kinst it moai op it "sandaaltsje" fêstsette!

Ik ha ek wolris in koweblomke haakt, sjoch hjir. Dat blomke is ek hiel geskikt!

Groetnis fan It Nifelwyfke!


woensdag 4 juni 2014

Bleate fuotten

Bleate fuotten

Wat ha we al moai waar hân! Ek in soad wetter, mar wy sieten hjir in Fryslân noch net iens sa gek, wat it waar oanbelanget.

Hjoed haw ik in simmersk idee: bleate fuotten sandalen! De ynspiraasje komt troch de bloch fan Angeline, "mijn eigen plekkie", sjoch hjir. Dit wie krekt dat wat ik noch foar de workshop socht, dy't ôfrûne moandei wie, bij Katrein Kunst! Ik betocht in maklik patroantsje, dat kinst hjoed fine op de bloch fan De Breimeisjes:



Dit kin fansels ek mei in pompeblêd, wie myn folgjende gedachte. En sadwaande haw ik hjoed fuortendaliks ek it pompeblêd fan 'e moanne!





















It patroan fan it pompeblêd:
2 losse
toer 1: 8 fêsten yn 'e 2e losse fanôf de haakpin. Kear.
toer 2: 1 losse, yn eltse fêste 2 fêsten (16). Kear.
toer 3: 1 losse, yn de earste 3 stekken: elk 1 fêste; yn 'e 4e 2 fêsten, dan 8 x 1 fêste, 2 fêsten yn 'e folgjende stek, 3 x 1 fêste (18). Kear.
toer 4: 1 losse,  3 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 2 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 4 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 2 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 3 x 1 fêste (22). Kear.
toer 5: (gjin losse, earste stek oerslaan), begjin yn de twadde stek te haken, 4 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 10 x 1 fêste, 2 fêsten yn folgjende stek, 4 x1 fêste, 1 heale fêste yn de lêste stek.

Haak dan troch op it stikje tusken de boppenste boochjes,  earst 2 fêsten, dan 2 x 1 fêste (earste boochje) en wer 2 x 1 fêste en 2 fêsten (yn ien stek, twadde boochje) (earste foto). Dernei kreas ôfhechtsje (twadde foto, de trieden hingje der noch oan, want dêrmei kinst it op it "sandaaltjse" fêst sette. 

Foar dit "sandaaltsje" haw ik 18 lossen ta in rûntsje haakt mei 1 heale fêste. Dat is foar om de tean en kin ek grutter of lytser. Derop haw ik in soart fan bantsje haakt fan 3 stokjes breed.
Dat hinget fan de foet ôf, hoe lang soks moat. 
Der boppe twa slierten fan sa'n 100 lossen. 



Oan myn slierten hingje ek noch lytse pompeblêdsjes (dit patroan):



Fansels sjocht dit der folle better út op moaie jonge bleate fuotten mei prachtich lakte neils....
Mar by gebrek oan sa'n model binne it myn eigen bleate fuotten. Je moatte wat!
Mar neffens myn soan moat ik der sels mar net mear mei it strân op.

Wat de workshops oanbelanget: we ha simmerfakânsje! Op 25 augustus begjinne we wer!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)