{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

donderdag 22 mei 2014

Biezem

Biezem


Sa is de ynspraasje fier te sykjen en sa fyn ik it op strjitte! 

Ik hie se al faker sjoen, mar ôfrûne tiisdei rûn ik troch Snits, it wie jiermerke. It wie prachtich waar. De merke foel my net mei, der wienen lang sa folle kreamen net as ferline jier, neffens my. It wie wol prachtich waar en ik hie it nei myn sin. Ik rûn ek noch by wat winkels lâns en doe seach ik se wer en ik tocht: 
"Dit moat op 'e foto!" 
Sokke moaie biezems! Te keap by Bascule.


Se binne allegear moai, mar dizze fyn ik machtich!



Ik moast gelyk tinke oan dat ferske fan Diet Huber, fan "De biezem en de bjinder, dy rûnen op 'e dyk...."
Sa'n fleuriche biezem kin fêst prachtich sjonge!

"Hoepfalderee!"



Groetnis fan It Nifelwyfke!

2 opmerkingen:

  1. Ja dat soe by elkenien dy wat mei Frysk hat, yn de skuorre moatte stean, sa'n aardige biezem.
    It is ek in aardich heitedei kadootsje!
    En eins sûnde om der mei te feien.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Haha, dat is in goed idee, foar heitedei!

    BeantwoordenVerwijderen