{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

donderdag 22 mei 2014

Biezem

Biezem


Sa is de ynspraasje fier te sykjen en sa fyn ik it op strjitte! 

Ik hie se al faker sjoen, mar ôfrûne tiisdei rûn ik troch Snits, it wie jiermerke. It wie prachtich waar. De merke foel my net mei, der wienen lang sa folle kreamen net as ferline jier, neffens my. It wie wol prachtich waar en ik hie it nei myn sin. Ik rûn ek noch by wat winkels lâns en doe seach ik se wer en ik tocht: 
"Dit moat op 'e foto!" 
Sokke moaie biezems! Te keap by Bascule.


Se binne allegear moai, mar dizze fyn ik machtich!



Ik moast gelyk tinke oan dat ferske fan Diet Huber, fan "De biezem en de bjinder, dy rûnen op 'e dyk...."
Sa'n fleuriche biezem kin fêst prachtich sjonge!

"Hoepfalderee!"



Groetnis fan It Nifelwyfke!

zondag 18 mei 2014

It pompeblêd fan maaie

It pompeblêd fan maaie


De helte fan maaie is al wer om flein en noch altiten hie ik neat te fertellen as Nifelwyfke....
Juster bin ik dwaande west, ik ha wer wat úttocht.

Ik wie hartsjes oan it haken, hartsjes yn Beppe-styl, nei in patroan dat ik hjir fûn.


Ik betocht datst der ek wol in pompeblêd fan hake kinst.


Ik sil besykje út te skriuwen hoe ik it makke ha.

Begjin mei 5 lossen en meitsje der in rûntsje fan mei in heale fêste.
Toer 1: 3 losse, 2 stokjes yn it rûntsje, 1 losse, 3 stokjes yn it rûntsje, 2 lossen, 3 stokjes yn it rûntsje, 3 lossen ( dit wurdt de ûnderkant fan it pompeblêd), 3 stokjes yn it rûntsje, 2 lossen, slút de toer mei 1 heale fêste yn 'e 3 losse oan it begjin. Gean mei heale fêsten nei it 1-losse-boochje (= de boppekant fan it pompeblêd).
Toer 2: 2 lossen, yn it 2-lossen-boochje *3 stokjes, 2 lossen, 3 stokjes*, 2 lossen, yn it 3-lossen-boochje wer fan * oan 't *, 2 lossen en yn it folgjende 2 lossen-boochje nochris fan * oant *, 2 lossen, 1 heale fêste yn it 1-losse-boochje.
Toer 3: 2 lossen, 8 stokjes yn it "twadde" 2-lossenboochje, 2 lossen, yn it folgjende lossen-boochje 3 stokjes, 2 lossen, yn it folgjende lossenboochje 8 stokjes, 2 lossen, yn it folgjende lossenboochje 3 stokjes, yn it folgjende lossenboochje 8 stokjes, 2 lossen, 1 heale fêste yn de earste stek.
Toer 4: yn it earste boochje (de earste 2 lossen fan toer 3) 1 fêste, (yn it earse stokje) 2 stokjes, (yn it twadde stokje) 2 stokjes, 2 lossen, (tredde stokje oarslaan, yn it fjirde stokje) 2 stokjes, (yn it fyfde stokje) 2 stokjes, (sechde stokje oerslaan, yn it sânde stokje) 2 stokjes, (yn it achtste stokje) 2 stokjes. No komt der in lossenboochje, mar dat moatst oerslaan. Op de folgjende 3 stokjes elts 1 fêste, yn it lossenboochje 1 fêste, op de folgjende 8 stokjes elts 1 fêste, yn it lossenboochje 1 fêste, op de folgjende 3 stokjes elts 1 fêste. Dan wer in lossenboochje datst oerslaan moast. Dan wer it groepke fan 8 stokjes: (yn it earse stokje) 2 stokjes, (yn it twadde stokje) 2 stokjes, 2 lossen, (tredde stokje oarslaan, yn it fjirde stokje) 2 stokjes, (yn it fyfde stokje) 2 stokjes, (sechde stokje oerslaan, yn it sânde stokje) 2 stokjes, (yn it achtste stokje) 2 stokjes. 1 fêste yn it lêste lossenboochje en slút ôf mei 1 heale fêste yn it begjin fan de toer.
Dan noch ôfhechtsje.

(De earste twa toeren binne gelyk oan it orizjinele patroan.)

Dizze pompeblêden (of hartsjes) kinst hiel leuk oan in tried riuwe, dan wurdt it in moaie slinger!



Groetnis fan It Nifelwyfke!