dinsdag 15 april 2014

Merke

Merke


It is heech tiid dat it Nifelwyfke wer wat skriuwt op har bloch. It bliuwt lang stil hjir. Te drok mei De Breimeisjes, tink. 

Ofrûne wykein wie It Nifelwyfke op stap mei har man (de dieltydskriuwer). 
Samar tegearre nei Skoklân. Soan woe net mei, dat komt fansels troch syn leeftyd, hy is fjirtjin.
Yn Skoklân wie een Skandinavyske merke en it is sa dat wy fan doel binne dizze simmer nei Noarwegen te gean op fakânsje. 

Wy moasten in hiel ein rinne:

Dat is in lange rigele auto's dêr by de dyk...
Mar wat wie it prachtich waar! En wat is it moai, Skoklân!





De merke wie oantreklik, fan alles te sjen, we ha hearlike broadsjes iten mei rikke salm en we hawwe no noch mear nocht oan in fakânsje yn Noarwegen!


Noch wat opmerkliks: Ik stie by in kream te sjen mei allegear guod om it yn 'e hús gesellich te meitsjen. Der stie in grutte faas mei dêr yn in takke. Net in moaie takke, eins gewoan in deade takke. Der stie noch in frou te sjen en se frege "Dy takke is seker net te keap?" "Jawol, hear", sei de jonge frou fan de kream. "Wat moat er kostje?" wie de folgjende fraach. "Fiif euro". "Ja, ik nim 'm!" 
De jonge frou sil wol spyt ha dat se net mear sokke deade takken meinaam hat! En de man fan dy frou fierder mar mei dy takke omtôgje op 'e merke....


Groetnis fan It Nifelwyfke!

2 opmerkingen:

  1. Leuk verhaal, Ik doe het maar in het Nederlands.
    Anders moet ik steeds kijken in de fryske oersethelp en dat is ook niet altijd goed merkte ik al.
    Ik heb ooit eens gehoord dat mijn voorouders van mijn moeders kant uit Skoklân kwamen, Maar die familie daar is niemand meer van, dus zal ik daar ook nog wel eens heen moeten te struinen.

    BeantwoordenVerwijderen